thumb|Tsjerketoer fan Hollum thumb|Ryksmonumint oan it Tsjerkepaad Hollum is it meast westlike doarp op it Amelân. It is ek it grutste doarp yn de gemeente, mei ynwenners ().

Hollum leit oan it Borndjip en is it grutste fan de fjouwer doarpen op It Amelân. Yn it doarp binne in soad smelle strjitsjes en kommandeurshuzen. De takkele rânen fan de gevels jouwe de rang fan de seefarder oan dy't yn it hûs wenne. Hoe mear takkels op de gevelrânen, hoe heger de rang.

It besjen wurdich Sorgdragermuseum It kultuer-historyske Sorgdragermuseum sit yn it eardere kommandeurshûs út 1751. Der is in wikseleksposysje en der wurde dialêzingen en rûnliedingen organisearre.

Rêdingsmuseum Yn it eardere rêdingsboathûs is Rêdingsmuseum "Abraham Fock" fêstige. De namme komt fan de oant 1988 tsjinst dwaande hynsterêdingsboat dy't noch te besjen is. By demonstraasjes wurdt de boat troch tsien hynders fan it museum nei de see ta brocht.

Stellingmole De Ferwachting Yn mûne De Ferwachting wurdt gauris nôt of moster meald.

Tsjerken

Mienskip Sûnt 1948 bestiet de Feriening Doarpsbelang. De feriening wol bûten de eigen belangen ek it toerisme befoarderje. It doarp hie yn it earstoan in eigen VVV, dy't letter opgien is yn de VVV fan It Amelân. Sa waarden skulpepaadsjes oanlein, foarsjennings makke, strânfeesten en optochten organisearre. Sundeklazen It Sinteklaasfeest wurdt yn Hollum noch as fanâlds dien. Op 4 desimber is it feest foar de bern, op 5 desimber foar boppe de achttjin jier. Allinnich jonges en manlju ferklaaie harren. Der wurdt dan op buffelhoarnen blaasd en men mei net weromkend wurde, ek net oan de stim. De saneamde baanfeiers feie alles wat frou hjitte kin fan de strjitte. De "Ouwe Sunderklazen" of "Omes" meie froulju en famkes twinge om te dûnsjen. Dweilorkest De "Hollumer Gromkes" is in dweilorkest dat yn 1991 oprjochte is mei de Blauhúster Dakkapel as foarbyld. Ynstee fan de Fryske truien drage de muzikanten in trui mei it Amelanner wapen.

Skoalle Yn Hollum is de Iepenbiere Basisskoalle De Schakel en de Kristlike Basisskoalle Koningin Wilhelmina

Sport Yn Hollum binne de folgjende sportferienings: SC Amelandia, omnysportferiening foar badminton, tennis, foljebal en fuotbal. Golfferiening Amelân is yn Hollum Iisferiening Hollum

Befolkingsûntjouwing 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2012 2025 951 938 945 1046 1101 1230 1165 1300Alle Cijfers

Berne yn Hollum

Willem Cornelis de Groot (6 oktober 1853), arsjitekt († 1939) Hannes de Boer (2 desimber 1899), fierspringer († 1982) Jan Bruin (30 septimber 1969), fuotballer

Strjitten Alle strjitten fan Hollum.

Sjoch ek Fryske doarpen. Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân

Keppeling om utens Hollum op It Amelân Offisjele webstek fan It Amelân

Kategory:Doarp of stêd op It Amelân