Readtsjerk is in doarp dat yn de gemeente Dantumadiel leit. Readtsjerk leit noardeastlik fan Mûnein, eastlik fan Aldtsjerk, súdwestlik fan Rinsumageast en súdeastlik fan Burdaard. Readtsjerk hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners. Readstjerk hat net in doarpskearn, de measte wenten binne oan de Tsjerkestrjitte en de Koaiwei boud.

Readtsjerk hat altyd yn sawol de gritenij as de gemeente Dantumadiel lein. Skiednis Readtsjerk is ûntstien út de buorskip Wearbuorren, it lânhûs "De Healburd", en de pleats "De Seijewier". Om't oanwizings tsjutte op bewenning yn it twa kilometer noardlik fan it doarp leger lizzende diel, wurdt der fan útgien dat de oarspronklike lokaasje fan Readtsjerk opjûn is. Op kaarten fan Schotanus en Eekhoff binne dêr net mear bewenne terpen tekene. Ek wiist in fjildnamme dêr op it bestean fan in âld tsjerkhôf. Mooglik moast it âlde doarp fanwegen wetteroerlêst opjûn wurde en is it doarp doe ferhûze nei in útrinnende sânrêch fan de Trynwâlden. Om't de hjoeddeiske tsjerke oarspronklik 12e iuwsk is sil dat yn dy tiid plakfûn hawwe.Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo. Dantumadeel

Eartiids stie yn Readtsjerk Sickama State. De state is foar 1700 sloopt.Stinzen yn Fryslân, oproppen 8 oktober 2022

Lizzing Readtsjerk leit oan de grins fan de gemeente Tytsjerksteradiel op de eastlike râne fan de Trynwâlden. It doarp wurdt fan de Dokkumer Wâlden skieden troch in leger lizzend greidegebiet.

Mienskip De feriening foar Doarpsbelang is yn 'e mande mei it súdwestlik oanbuorjende Mûnein. Der wurdt in doarpsfeest mei Aldtsjerk en ien mei Mûnein fierd.

Tsjerke

Protestantsk Readtsjerk heart by de PKN Trynwâlden.Side PKN Trynwâlden

Ferienings Toanielferiening It Nije Doarp (mei Mûnein)

Befolkingsferrin Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2015 2020 Ynwenners 328 321 289 250 239 210 196 191

Gebouwen thumb|260px|De Hoop, Readtsjerk Readtsjerk hat trije ryksmonuminten: De tsjerke (Tsjerkewei) East fan Readtsjerk stiet oan de Reidlânswei de poldermole De Hoop in kop-hals-romppleats oan de Hjelburd 7 (noardlik fan Aldtsjerk)

Strjitten Bûtefjild - Boskwei - Bûtefjildsterdyk - Dokter Kijlstrawei - Fjildwei Hjelburd - Iggewei - Tsjerkewei - Koaiwei - Marwei - Ottemawei - Reidfjildswei - Sickamawei - Tuskendammen - Tuskenmarren - Wearbuorren.

Sjoch ek Fryske doarpen.

Keppeling om utens Trynwâlen online

Kategory:Trynwâlden Kategory:Doarp of stêd yn Dantumadiel