Mullum is in doarp dat yn de gemeente Harns leit. Mullum leit noardeastlik fan Harns, westlik fan Hjerbeam, súdwestlik fan Winaam en súdeastlik fan de Waadsee. Op hie Mullum ynwenners. De doarpskearn leit oan ferskate strjitten noardlik en súdlik fan de Harnzer Strjitwei.

De buorskippen De Blynse en Ungaboer hearre ek by Mullum.

Sûnt 1971 leit Mullum yn de gemeente Harns, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Frjentsjerteradiel (sudertrimdiel).

Skiednis De earste bewenners setten harren om it begjin fan de jiertelling hinne nei wenjen op in kwelderwâl. Letter waard de terp opsmiten, dy't op it heechste punt 4,85 meter is. De terp is foar in grut part ôfgroeven, dat oan de westlike kant goed te sjen is. Yn 1911 waard in sulverskat fûn mei in ring en likernôch 2000 sulveren munten út de 10e iuw. Alder binne 15 gouden munten, dy't yn 1925 fûn waarden en út de 6e iuw datearje.

Yn 1989 waard noardlik fan Mullum in brûnzen bokje fan 7,5 sintimeter heech fûn, dat datearret út de 1e of 2e iuw nei Kristus en yn It Hannemahûs yn Harns wurdt bewarre.Wierden en Terpen, oproppen 29 april 2023 Om't by de oanlis fan de nije N31 de âlde terp rekke waard der súd fan Mullum yn 2016 earst argeologysk ûndersyk dien. It ûndersyk levere sân bonkerakken, fibula's, munten, skerven en oare resten op út de 8e oant 12e iuw.Aecheologie Online, oproppen 29 april 2023GPTV, 24 maaie 2016 thumb|left|De tsjerke fan Mullum neffens de skilder Abraham Van Beerstraten De oarspronklik oan Nikolaas fan Myra wijde tsjerke stiet midden yn it doarp op wat der fan de terp oer is. De tsjerke fan Mullum waard al yn de 12e iuw boud, mar yn de rin fan de tiid is der in soad oan feroare. Yn 1988 is de tsjerke fan binnen en bûten troch R. de Vries folslein renovearre. De tsjerketoer is yn 1999 restaurearre. Yn de noardmuorre sit noch in tichtmitsele "noarmannepoarte".

Tsjin de toersmuorre stiet noch in âlde, goed bewarre grêfstien mei in reliëf fan de yn 1879 ôfbaarnde houtseachmûne 'Houtlust' (ek: 'Landmanslust').Databasenû. 3305 In oare houtseachmûne wie 'De Hoop', dy't oan de súdkant fan de Trekwei stie en yn 1908 ôfbrutsen waard.Databasenû. 2777

Oan it begjin fan de 19e iuw bestie Mullum allinne út de tsjerke mei in rychje hûzen oan de noardlike kant, in pear pleatsen en wat bedriuwen mei wentes oan de Trekwei. Nei de oanlis fan de rykswei feroare dat wat, mar fral sûnt de Twadde Wrâldkriich krige it doarp folle mear hûzen.

Mienskip thumb|260px|Doarpshûs De Spil It doarpshûs "De Spil" stiet oan de Hopmanswei. Yn it op frijwilligers draaiende doarpshûs wurde in soad aktiviteiten organisearre.

Tsjerke

PKN Harns-Mullum

Skoalle De skoalle fan it terpdoarp hjit Middelstein. thumb|260px|Harnzerstrjitwei Ferienings Keatsferiening Mullum Iisklub Toanielselskip Mullum Hûnesportferiening

Befolkingsferrin Jier 1954 1969 2013 2022 Ynwenners 869 839 580 531 thumb|260px|Tsjerkestrjitte Berne Harmen Sytstra (1817-1862), skriuwer Foppe van Aitzema (± 1580-1637), diplomaat, histoarikus en rjochtsgelearde. Joukje Postma (1877-ûnbekend), koartebaanrydster. Janke Spanninga-Posthuma (1882-1966), skriuwster Freerk Lootsma (1936–2003), heechlearaar

Ferskaat Yn 2008 wûnen 5 Mullumers tagelyk in priis yn de postkoadelotterij. Yn de jierren 1960 waard in monumintale kop-hals-romppleats út Mullum sloopt en yn it Nederlânsk Iepenloftmuseum fan Arnhim wer opboud.

Ynfrastruktuer

Bustsjinst Troch Mullum rint de folgjende busline:

Line 197: Harns - Ljouwert fia Frjentsjer

De busline troch Mullum wurdt fersoarge troch Qbuzz.

Strjitten Beatrixleane, Bernhardleane, Blynsewei, De Finne, Folkert Poststrjitte, Fonteinstrjitte, Frittemastrjitte, Harnzerstrjitwei, Haulewei, Hopmanswei, Julianaleane, Tsjerkestrjitte, Middelstein, Rykswei, Skieppedykje, Ungabuertsterwei, Van Harinxmastrjitte.

Sjoch ek Fryske doarpen.

Kategory:Doarp of stêd yn Harns (gemeente) Kategory:Doarp of stêd yn Frjentsjerteradiel (oant 1984)