Winaam is in doarp yn 'e gemeente Harns. Winaam leit noardeastlik fan Mullum en Harns, noardwestlik fan Hjerbeam, westlik fan Frjentsjer, súdwestlik fan Pitersbierrum en Seisbierrum en súdwestlik fan de Waadsee. De doarpskearn fan Winaam leit om de Buorren, noardlik en eastlik fan de Andréastsjerke. De buorskippen Roptasyl (diel), Lytse Buorren en Foarryp hearre ek by Winaam.
Op hie Winaam ynwenners.
Skiednis Winaam ûntstie op ien fan 'e terpen yn in mear as twa kilometer lange noardeastlike rige fan terpen. De âldste fermelding fan it doarp datearret út 1275, doe't it al as Wynaldum neamd waard. In soad is der net mear oan 'e Nederlânsktalige namme feroare. Yn 1543 waard de Fryske fariant fan it doarp Vynaem neamd, yn 1579 Winaem en wat letter Wynaam.Friese Plaatsnamen, K.F. Gildemachter, side 269
It grutte kompleks fan terpen kin de "Fryske Hegeburch" west ha, dêr't yn 'e Beowulf oer skreaun wurdt. J. Zijlstra (2009), Finnsburg, een koningsdrama uit de 5e eeuw, side 10. Oant de 16e iuw wienen der noch resten fan ferskânsingen oanwêzich.
thumb|left|Andréastsjerke Foar de reformaasje wie de tsjerke oan de apostel Andréas wijd. Troch âlderdom stoarte de âlde sealtektoer yn 'e nacht fan 24 op 25 juny 1684 yn. De preekstoel út 1729 is opfallend troch it sierlike houtfykwurk.
Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 lei Winaam yn sawol de gritenij as de gemeente Barradiel. Sûnt 1984 leit it doarp yn 'e gemeente Harns.
Archeologysk ûndersyk De fynst fan in grutte fibula (mantelspjelde) yn 'e terp Tsjitsma wie de oanset foar in grut archeologysk ûndersyk yn 1991 en 1992, dêr't út bliken die dat Winaam al yn de midsiuwen in wichtige delsetting wie. Guon skiedkundigen tinke dat Winaam it sintrum wie fan it gebiet dêr't de Fryske kening Audulf om-ende-by 600 hearske. Yn in archeologysk stipepunt yn 'e âlde konsistoarje is dy skiednis yn byld brocht.
De tsjutting fan de ûndersyksresultaten is anno 2010 lykwols noch lang net klear. Winaam foarme de oanlieding ta archeologysk (terp)ûndersyk yn it gebiet fan Súd-Hollân oant Grinslân ta, it saneamde Frisia-projekt.
Yn it doarp is in lyts museum mei terpfynsten, in lytse bibleteek en ynformaasje oer de omkriten.
Mienskip
thumb|260px|Doarpshûs De Bijekoer Fjouwerris yn 't jier jout de feriening doarpsbelang de krante It Fuottenein út. It doarpshûs De Bijekoer waard nei ynset fan 'e Stifting Doarpshûs Winaam en gearwurking fan de ferskate ferienings yn 1982 iepene.
De bynamme foar de bewenners is Winamer katten. Yn 'e Buorren stiet it keunstwurk 'Winamer kat'. Sûnt 2018 is it mooglik om in 2,6 kilometer katterûte te rinnen lâns û.o. nutskasten, dy't mei Winamer katten beskildere binne.
Tsjerke thumb|260px|Buorren
PKN-Easterbierrum-Winaam
Skoalle Bernesintrum Middelstein Winaam hie sûnt 1882 in skoalle. De E.P. de Boerskoalle fan Winaam fusearre yn 2014 fanwegen te min bern mei de skoalle fan Mullum.
Ferienings Aldereinsoas Begraffenis- en Kremaasjeferiening De Laatste Eer Fûgelwacht Frjentsjer Gymnastykferiening Kaart en Biljertferiening Keatsferiening De Keatsebal Jongereinsoas Iisferiening Ysmahorn Sjonggroep Waadwyn Toanielferiening Winaam thumb|260px|Buorren
Befolkingsferrin Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2013 2015 Ynwenners 475 658 635 517 500 449 380 463 462 Jier 2020 Ynwenners 462 thumb|260px| 't Slotsje Berne Frans Helfrich (1920-2010), keatser Abe de Vries (1965), (skriuwer)
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Winaam rint de folgjende busline:
Line 71: Surch - Ljouwert fia Harns en Minnertsgea
De busline troch Winaam wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Sjoch ek Fryske doarpen.
Keppeling om utens Winaam op de Side Terpe - en Wierelân
Kategory:Doarp of stêd yn Barradiel Kategory:Doarp of stêd yn Harns (gemeente)