Wûns is in doarp yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân, súdwest fan Wytmarsum. Under it doarp falle de buorskippen Doanjewier, Haaium, Goaium, Mountsjewier en De Wearen. It eardere doarp Ingwier foel foar in skoft ek ûnder Wûns.

It doarp hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.

Skiednis De earste kear dat Wûns neamd wurdt is as Wildinghe yn 1270. Letter wie der ek sprake fan Veldenzee (1290), Weldenzie (1298), Wildinghe (1310), Weldinghe (1327), Woldens (1374 en 1474), Wildinge, Wondenze (1404) , Woudens en yn 1495 wie it Wons.Plaatsengids Op de lytse terp hawwe nea huzen stien, mar nei alle gedachten waard der earder rjocht sprutsen.

Yn 1728 is yn it stee fan in midsiuwske tsjerke in achthoekich protestantske tsjerke boud mei in piramidefoarmich dak mei in klokkoepeltsje. De âlde klok út 1595 klok waard yn 'e oarloch meinommen troch de Dútsers. Op de toer stiet ynstee fan in wenstige hoantsje in hart. It doarpswapen fan Wûns hat ek in hart. De tsjerke stiet bekend as it 'Wûnzer teebuske'.

De Fryske dichter Jan Cornelis Pieter Salverda, (Boalsert (28 juny 1783 - Wûns 7 maart 1836) wie skoalmaster yn Wûns. Syn tragyske libbensrin en spjalten persoanlikheid waarden troch syn freon en beskermer Joast Halbertsma oangripend beskreaun. Der sit in tinkstien oan him yn de tsjerkemuorre. thumb|left|Monumint oan 'e Wildingheleane foar de fallen Kanadeeske soldaten fan it 1Queen's Own Rifles of Canada-rezjimint, dy't ferstoaren by de befrijing fan Europa en wêrfan allinne by Wûns seis soldaten omkamen. Oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich wienen de stellingen Wûns en Koarnwertersân tige wichtich.

Oant 2011 lei Wûns yn de eardere gemeente Wûnseradiel.

Mienskip Oan de Noarderleane stiet doarpshûs It Bynt. It doarp hat in feriening foar doarpsbelang en de doarpskrante hjit Us it Hert.

Skoalle Wûns hie oant 2015 in basisskoalle; de JCP Salverdaskoalle. De skoalle waard sletten om 't it tal bern ûnder de noarm fan 23 bern sakke.Omrop Fryslân, 5 novimber 2014

Tsjerke PKN Skettens-Skraard-Longerhou-Wûns De Protestanske tsjerke fan Wûns is tsjintwurdich by in stifting ûnderbrocht. thumb|260px|Komboerd fan Wûns. Ferienings Fanfare Hosanna Begraffenisferiening De Laatste Eer. sjongferiening It Woldinghekoar Keatsferiening Wûns

Befolkingsferrin Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2015 2020 Ynwenners 172 462 423 380 348 302 300 285 296 Boarne 2015 en 2020: Alle Cijfers

Berne Jan Cornelis Pieter Salverda (1783-1833), Frysk dichter en skoalmaster yn Wûns. De eardere basisskoalle wie nei him ferneamd. Perfester Rommert Politiek (1926-2014), grûnlizzer fan de hjoeddeistige feefokkerij.

Ynfrastruktuer

Bustsjinst Troch Wûns rint de folgjende busline:

Line 390: Makkum - It Hearrenfean fia Boalsert en Snits

De busline troch Wûns wurdt fersoarge troch Qbuzz.

Strjitten Goaiumerleane, Haaiumerleane, Tsjerkestrjitte, Noarderleane, Alde Skoalpaad, Pastorijelân, Rykswei A7, Salverdastrjitte (neamd nei Jan Cornelis Pieter Salverda), Terpwei, Wearsterwei, Wildingheleane.

Sjoch ek Fryske doarpen.

Kategory:Doarp of stêd yn Wûnseradiel Kategory:Doarp of stêd yn Súdwest-Fryslân