Surch (Nederlânsk en offisjeel: Zurich) is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, oan de Waadseeseedyk tusken Harns en de Ofslútdyk. It leit wat noard fan it plak dêr't de Ofslútdyk de Fryske kust berikt. Troch de bou fan de Ofslútdyk wie der fan 1922 oant 1932 in soad te rêden yn it doarp.

It doarp ynwenners .

Geografy Surch leit ynklamme tusken Rykswei 31 en de Waadseedyk. De buorskip Ald Mar leit eastlik fan it doarp oan de oare kant fan de N31. It wie eartiids it ferlingde fan de doarpskom, mar waard dêrfan skaat doe't de Rykswei oanlein waard. Ek in part fan de buorskip Goaium falt ûnder Surch, allyk de eardere buorskip Ottebuorren, dy't hjoed-de-dei ek wol ta Goaium rekkene wurdt. Justjes súdlik fan it doarp is de Kop fan Ofslútdyk dêr't it knooppunt Surch op leit.

Namme Surch De namme Surch is nei alle gedachten ôflaat fan Suderinghe dat súdhoeke betsjutte soe. It ûntstie op de súdlike ouwer fan de De Marne (wetter).

Yn 1352 komt it doarp foar as Zuderinghe, yn 1353 wurdt it Zudrineghe stavere, wylst yn 1399 Zueringen neamd wurdt. Yn 1458 is de fariant Suringhe en yn 1482 komt foar it earst Surich foar. De lêste dat it efterheaksel -ingen foarkomt is Suringen yn 1503. Fan de ein fan de 15e iuw wurdt hieltyd faker Suerich of Suyrich stavere. De Fryske fariant oan 'e ein fan 'e 16e iuw is Swrich. Yn 'e 19e iuw komme de staverings Surich en Zurich alletwa foar. Ek komt Zurig foar.

De Nederlânske namme Zurich liket sterk op Zürich, de Dútske namme fan de grutste stêd fan Switserlân. Dêr krijt it doarp in soad besikers troch, ek út dat lân. Tsjin it plan fan de doetiidske gemeente Wûnseradiel foar it ferfryskjen fan de namme yn it jier 2000 ûntstie yn it doarp dan ek in soad ferset, omreden dat se yn it doarp de assosiaasje mei it Switserske Zürich net kwytreitsje woene. It gemeentebestjoer loek dêrnei it foarstel wer yn.

It twadde part fan 'e namme is Frysk, ich foar "ouwer" of "hoeke" en it earste is súd foar de wynrjochting.

Skiednis Surch wie eartiids in terpdoarp, dêr't de bebouwing him om 'e tsjerke ûntjoech. Troch de jierren hinne is de kearn ûndúdlik wurden, om't it doarp yn 'e ferdrukking kaam te sitten efter in twatal diken dêr't bebouwing by del fertichte.

De Surger slieperdyk waard yn 1732 oanlein om't de seedyk fan de Surgeroardpolder tige oantaast rekke wie troch de pealwjirm. Willem Loré hie dêr it plan foar makke. Loré syn diken hawwe minder steile talúds dy't de wetterslach better brekke kinne as steile talúds. Tsjin de slieperdyk oan ûntjoech him de kompakte lintbebouwing oan de Caspar di Roblesdyk.

Yn de snuorje tusken 1922 en 1932, doe't de Ofslútdyk oanlein waard, krige it doarp te krijen mei in soad drokte. De dykwurklju wennen yn in doarp fan barakken en sochten jûns wille yn hotel De Steenen Man dêr't it somtiden wolris rûch om ta gie. It barakkedoarp is ûnderwilens ferdwûn, mar it hotel is noch hieltyd in ikoan yn 'e bebouwing. Neikriichske doarpsútwreiding wie der oan 'e súdeastkant fan it doarp. Surch hat ek in molkfabryk hân.

Foar de gemeentlike weryndieling fan 2011 lei Surch yn de gemeente Wûnseradiel.

Gebouwen

Yn 1998 waard it doarp troch in fersekeringsmaatskippij, dy't ek Zurich hjit, in nij gebou foar it keatsfjild tasein. Mar nei't it plan yntsjinne wie, klaude it bedriuw werom. It soe allegear in misferstân west ha.

It tsjerke (mei sealdaktoer) fan Surch waard yn 1772 ôfbrutsen, mar de toer bleau stean fanwegen syn funksje as beaken foar de skipfeart. In lytse hûndert jier letter waard der in nije tsjerke tsjinoan boud.

Mienskip Surch hat in eigen feriening foar Doarpsbelang. Fierder is der begraffenisferiening Buurteplicht, in frouljusferiening, iisferiening en in feestkommisje. It doarpshûs It String stiet oan de Caspar de Roblesdyk. It doarp hat ek syn eigen doarpsliet "Boerinne fan Surch".

Sport en rekreaasje Troch it plak rint ek de Jeropeeske Kuierrûte E9, ek wol North Sea Trail neamd. De E9 rint by de kust lâns fan Portegal nei de Baltyske steaten.

De keatsferiening, K.V. Zurich hat syn fjild oan de Suderigge. Fierder hat it doarp in biljertferiening.

Befolkingsferrin 1830 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2011 2025 152 354 315 282 228 196 160 168 158Alle Cijfers

Op 1 jannewaris 1830 hie it doarp 152 ynwenners. Troch de oanlis fan de Ofslútdyk naam it ynwennertal ta, en yn 1958 wennen der 340 minsken. Sûnt de wei nei de Ofslútdyk net mear troch it doarp rint, is it ynwennertal wat ôfnomd. In basisskoalle dy't yn 1986 boud waard, moast tsien jier letter sluten wurde troch te min bern.

Berne yn Surch

Hein Doedes Postma (1858-1942), keatser

Stoarn yn Surch

Hein Doedes Postma (1858-1942), keatser

Ynfrastruktuer

Bustsjinst Troch Surch rinne de folgjende buslinen:

Line 71: Surch - Ljouwert fia Harns en Minnertsgea Line 92: Surch - Ljouwert fia Boalsert Line 96: Surch - Boalsert fia Makkum Line 350: Alkmar - Ljouwert fia de Oflsútdyk

De buslinen troch Surch wurde fersoarge troch Qbuzz.

Strjitten Ald Mar, Fabryksstrjitte, Fiadukt, Goaiumerwei, It Leech, Ottenbuortsterleane, Caspar de Roblesdyk, Skoallestrjitte, Stienleane, Suderigge, Tsjerkestrjitte.

Sjoch ek List fan Fryske doarpen.

Kategory:Doarp of stêd yn Wûnseradiel Kategory:Doarp of stêd yn Súdwest-Fryslân