Longerhou is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, west fan Boalsert, east fan Skraard. It doarp leit justjes besuden de A7 fan Boalsert nei de Ofslútdyk, en oan in opfeart fan de Makkumer Feart. Longerhou arbeidet in soad op mei buordoarp Skettens, dat oan oare kant fan 'e A7 leit.

Longerhou hat likernôch ynwenners ().

Skiednis Yn 1275 wurdt it doarp foar it earst neamd as Langherahof. Yn 1440 komt Langerhoue foar en yn 1495 Longerhow. Fan 1543 komt de fariant Longerhou(w) almeast foar. Om 1400 hinne wkomt ek Howe foar en yn 1379 wurde de bewenners fan it doarp as Hofsetra oantsjut. It earste part hat mooglik in ferbûgde foarm fan it Aldfryske eigenskipswurd long (lang), mooglik ferwizende nei de Lange Ie. It twadde part kin gean om in "hôf" as "boerehiem". Ek waard wol sûnder grûn tocht dat de namme ferwiist nei it "tsjerkhôf fan Lonjé" in buorskip tichteby yn it stedsgebiet fan Boalsert.

Longerhou is ûntstien op in terp s⌂dlik fan 'e eardere Marneslinke. It doarp lei isolearre en hat altyd lyts west en is ferbûn bleaun mei de lânbou. Dêr tsjûgje de stikmannich grutte pleatsen fan ferskillende typen.

Oant 2011 lei Longerhou yn de eardere gemeente Wûnseradiel.

Tsjerke

De tsjerke fan Longerhou is fan 1250, mar is yn 1757 yngreven ferboud. Yn 'e tsjerke stiet in preekstoel mei moai houtfykwurk en is in diel fan de 14e iuwske tsjerkeflier mei bewurke tegels te sjen. Foar 1580 wie it doarp in selsstannige parochy. Nei 1580 foarmen Longerhou en Skettens tegearre ien tsjerklike gemeente. By de reformaasje moast it doarp de dûmny diele mei Skettens; it doarpswapen hat dêrom in krús dat yn twaen dield wurdt. Yn it midden fan de njoggentjinde iuw wie Longerhou it sintrum fan de Frysk Réveilbeweging om dûmny Jan Felix hinne.

Mienskip De feriening doarpsbelang wurdt dield mei Skettens en is oansluten by de Feriening Lytse Doarpen en komt op foar de belangen fan Longerhou en Skettens. Se komme gear yn doarpshûs De Terp yn Skettens. De doarpskrante hjit Viadukt, neamd nei de fiadukt oer de A7 dy't alletwa doatrpen ferbynt. Der is fierders in kommisje foar de boarterstún en in kommisje foar de jierlikse doarpsfeesten Skettens-Longerhou. De bern giane oant skoaljier 2017/18 nei skoalle De Trijetine yn Skettens, dy't dêrnei syn doarren slute moast. Winterdeis is der soas op woansdeitemiddei yn De Terp.

Tsjerke Protestantske gemeente Skettens, Skraard, Longerhou en Wûns

Ferienings Lyts Begjin - kaarten Lofstim - koar SLS (Sportferiening Longerhou-Skettens) - keatsen

Befolkingsferrin 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2013 2025 90Histoarysk Wurkferbân Ald-Wûnseradiel 126 133 117 92 73 60 50Alle Cijfers 50

Muzyk In bekend ferske fan J. Slofstra is "Sjouk fan Longerhou". Wiebren Altena/Doede Veeman skreaunen "De Ballade fan Longerhou" Longerhouster Folksliet

Strjitten Buorren, Skraarderleane.

Sjoch ek Fryske doarpen.

Kategory:Doarp of stêd yn Wûnseradiel Kategory:Doarp of stêd yn Súdwest-Fryslân