Parregea is in langhalich streekdoarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, tusken Boalsert en Warkum. It doarp lei oan de Warkumer Trekfeart, dy't dwers troch it doarp hinne rint. Westlik fan it doarp rint de N359.

Parregea hat ynwenners (). De buorskippen Eambuorren, Eangterp, Yndyk, Monebuorren en Suderein falle ûnder de himrik fan Parregea. Eambuorren soe in oantinken wêze oan it Eamegaslot.

Namme It doarp waard yn 1275 neamd as Epagne, dêr't mooglik Epinge mei ornearre waard. Yn 1315 waard Yppanerynghe neamd, yn 1398 Pangra, yn 1399 Panrega, yn 1400 Epanrega, yn 1447 Paenrega en yn 1488 Panderaga en ek dat jiers komt panderaghaene indijck foar. Yn 'e 16e iuw komt Pandregha(e), Pandergae en Paragha. De Fryske fariant wie doe Paragae.

It twadde part fan 'e namme -gea komt fan it oarspronklike -ingi of -inga (hearrende ta) oan 'e persoansnamme Epa, of de famyljenamme Epinga dy't dêr fan ôflaat is.

Skiednis Parregea ûntstie as terpdoarp. De tsjerke mei in stikmannich huzen stiet hjoed-de-dei noch op 'e terp, dêr't de âldste bebouwing op konsintrearre is. It doarp lei oan 'e westkant fan in natuerlike stream, De Ie. Dy waard yn 1609 kanalisearre doe't de Warkumer Trekfeart oanlein waard. By de trekfeart del ûntstie bebouwing, ynearsten oan 'e westkant, mar letter ek oan 'e oare kant. De brêge yn it midden fan it doarp oer de feart hinne waard it mulpunt fan it doarp. Eastlik fan 'e brêge oan de heaks op de Trekfeart rinnende Horstwei ûnjoech him letter ek lintbebouwing. Yn 'e 18e iuw waard justjes súdlik fan 'e brêge herberch "De Harmonie" boud.

Parregea lei eartiids eastlik fan 'e Parregeaster Mar. Dy mar, mei de Feitemar, waarden yn 1876-1879 drûchlein. Parregea wie oant doe noch in fiskersdoarp, mar mei de 320 bunder grutte drûchlizzing kaam dêr boulân by en ûntjoech Parregea him ta in agrarysk doarp. Under de drûchlizzing waard blokferkaveling oanlein en mei tank oan ûntwikkelders út Noard-Hollân kamen in rige stjelppleatsen ta stân.

Oant 2011 lei Parragea yn de eardere gemeente Wûnseradiel.

Tsjerke De tsjerke fan Parregea is de Sint-Jehannes de Dopertsjerke dy't út de fjirtjinde iuw komt en wijd is oan Jehannes de Doper. Hy bestiet foar it grutste part út giele kleastermoppen. Oan 'e súdlike muorre binne letter giele stiennen brûkt. De toer is in sealtektoer en is nei alle gedachten letter boud en waard mei reade moppen boud. Ek binne der platen Bremer sânstien yn 'e toer ferwurke.

Mienskip Parregea hat mei Hieslum ien feriening foar Doarpsbelang. It doarpskrantsje hiet De Pinfisker dy't om it fearnsjier ferskynt. It doarpshûs hjit De Gearhing dy't as skoalgym brûkt wurdt troch de skoallen fan Parregea en Tsjerkwert en as sporthal fan ferskate sportferienings brûkt wurdt. By de iisbaan stiet jeugdhonk Us Jister. Alle jierren is der in feest: Parpop.

Yn Parregea stiet in brânwachtkazerne dy't part is fan de Feilichheidsregio Fryslân.

Skoalle Parregea hat noch in eigen kristlike doarpsskoalle, De Paadwizer, dy't ek iepen stiet foar bern mei oare leauwensoertsjûgings. Hast alle bern út Parregea, Hieslum en Dedzjum, en ek út Ferwâlde en Gaast, geane dêr nei skoalle.

Tsjerke Protestantske gemeente Parregea-Hieslum

Ferienings Oranjeferiening Follybalklub Badmintonklub Gymnastykferiening Biljertferiening 't Bruine Café Begraffenisferiening Gedenk te sterven Toulûkferiening; traint lykwols yn It Heidenskip Iisbaanferiening Winterwille Kristlike Muzykferiening Excelsior

Befolkingsferrin 1811 1849 1890 1950 1954 1959 1964 1969 1974 1989 2009 2021 168 331 519 670 689 625 582 542 482 475 497 485

Berne yn Parregea Ludzer Eringa (1901-1962), akteur

Ynfrastruktuer

Provinsjale wei Parregea leit oan 'e Provinsjale Wei N359 fan Boalsert nei Warkum.

Bustsjinst Troch Parregea rinne de folgjende buslinen:

Line 39: Ferwâlde - Snits Line 44: Boalsert - Snits fia Gaasterlân

De buslinen troch Parregea wurde fersoarge troch Qbuzz.

Strjitten Aaltsjemarwei, Eangterperleane, Ferwâlderpaad, Freark Faberwei, Horstwei, Tsjerkebuert, Trekwei, Tynjestrjitte, Waubertstrjitte.

Keppeling om utens Webstee fan Parregea en Hieslum

Kategory:Doarp of stêd yn Wûnseradiel Kategory:Doarp of stêd yn Súdwest-Fryslân