Piaam is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, súd fan Makkum. It doarpssicht fan Piaam is beskerme.
It doarp hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners. De buorskip Koaihuzen falt ûnder de himrik fan Piaam.
Skiednis en beskriuwing Oare nammen foar Piaam wiene eartiids Pyangum (13e iuw), Pyanghem (1379), Pyangum (1482), Piaem (1504) en Peanghum (1505). Neffens guon ûnstie de namme út Padingahem, dat wenning fan it skaai fan Pada betsjutte soe. Mar dat wol de measten net oan, om't yn it Aldfrysk útfal fan 'e ynterfokale 'd' net bestie. Dêrom wurdt fan de persoansnamme Pya útgien.
It bakstiennen tsjerkje fan Piaam waard al yn 'e 13e iuw boud. In pastorije hat Piaam net hân, om’t de tsjerklike gemeente in kombinaasje foarme mei Skuzum en de pastorije yn dat doarp stie. It lytse Piaam hat noch in twadde tjerke hân. Sûnt 1889 stie der in grifformearde tsjerke. Dy tsjerke waard yn 1969 sletten en letter as fûgelmuseum brûkt.Reliwiki, oproppen 17 novimber 2023
Eartiids wie de lânbou yn 'e krite tige wichtich. Dêr is net folle mear fan oerbleaun; it is hjoed-de-dei allegear feehâlderij yn de omjouwing. In pear flinke stjelpen en wat huzen markearje de yntree fan it lytse doarp en twa monumintale kop-romppleatsen slute it doarp oan de eastkant wer ôf.
De himrik leit mei de Polder Koaihuzen, neamd nei in buert fan buorkerijen en twa einekoaien, oant de yn 1876-1879 drûchmealde Feitemar en Parregeaster Mar yn it easten. De yn 'e âlde einekoaien fongen wetterfûgels waarden nei Hollân ferhannele; no wurdt ien fan 'e koaien brûkt foar it ringjen fan wetterfûgels.
Yn 1998 waard by graafwurk op in hiem yn Piaam 36 goudgûnen út de 15e iuw fûn.Oer de fûne gouden munten
Piaam wie by toeristen bekend fanwegen 't Fûgelhûs en de Nynkepleats. It doarp wie ien fan 'e trije doarpen oan 'e kultuerhistoaryske Aldfaers Erf-rûte. Yn 2020 waard it museum sletten.Side 't Fûgelhûs By de seedyk stiet fûgelhutte De Ral yn 'e Koaiwaard.Fryske Gea, oproppen 17 novimber 2023
Oant 2011 lei Piaam yn de eardere gemeente Wûnseradiel.
Mienskip thumb|250px|Buorren 22 Tsjerke
De tsjerke fan Piaam is in oanspronklik oan Nikolaas fan Myra wijd tsjerkegebou. It protestantske tsjerkegebou is in ryksmonumint.
Befolkingsferrin Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2015 2020 Ynwenners 100 99 105 89 72 84 50 50 45
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Piaam rint de folgjende busline:
Line 102: Makkum - Hylpen fia Warkum
De busline troch Piaam wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Buorren, Koaireed.
Sjoch ek Fryske doarpen Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân
Kategory:Doarp of stêd yn Wûnseradiel Kategory:Doarp of stêd yn Súdwest-Fryslân Kategory:Beskerme doarpsgesicht yn Nederlân