Lollum is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, noardeastlik fan Wytmarsum en westlik fan 'e Slachtedyk. It doarp hat ynwenners (). Troch it doarp hinne rint de Lollumer Feart.
De buorskip Barsum leit yn 'e himrik fan Lollum.
Skiednis Yn de âldste stikken wurdt it doarp ek Lolinghum, Lolingum, Lolleghum, Lollegum, Lollinghum, Lollingum, Lovelinghum en Ruygelollum neamd. It betsjut nei alle gedachten "hiem" fan 'e persoansnamme ""Lolle" of de famyljenamme "Lovelinga" of "Lollinga", dat himsels wer fan "Lolle" ôflaat is.
Lollum is in ‘bûtendyks’ terpdoarp, it leit nammentlik westlik fan de Slachtedyk. It doarp waard eartiids Rûgelollum neamd, ta ûnderskaat fan Lytselollum, in buorskip ûnder Frjentsjer. Lollum hat in buorren om de âlde, diels ôfgroeven terp hinne. Om de súdkant fan dy terp hinne rint in smelle feart mei ferbinings nei it westen en benammen nei it easten ta. Yn it suden en yn it noarden waarden wichtige buerten oan de útfalsdiken ûntwikkele. Oan de súdkant is dat foar it grutste part wenningbou út de perioaden nei de Twadde Wrâldkriich.
Oant 2011 lei Lollum yn de eardere gemeente Wûnseradiel.
Mienskip It doarp docht in soad yn de mande mei buordoarp Waaksens, en de twa doarpen diele it doarpsbelang. It doarpshûs hjit De Nije Haven.
Ferienings Biljertferiening Lollum-Waaksens Damklub De Rûge Wolf Aldereinsoas Lollum-Waaksens e.o. Iisferiening "Sietse de Vries" Keatsferiening "Meiinoar Ien" Kristlike Muzykferiening Asaf Shantykoar "Sterk Spul" Utfeartferiening Lollum Begraffenisferiening Waaksens "Helpt Elkander" Herfoarme frouljusferiening "Wees een zegen" Mingd sjongkoar "Nocht en Wille"
Tsjerke Protestantske gemeente Lollum-Waaksens Stifting Doarpstsjerken Lollum-Waaksens
Befolkingsferrin 1954 1959 1964 1969 1974 2006 2013 2025 547 524 508 468 430 400 340Alle Cijfers 310
Berne yn Lollum Geertje Lycklama à Nijeholt (1938), politikus Theunis Heukels (1880-1953), skoaldirekteur en politikus
Gebouwen Tsjerken Hubertustsjerke; de âlde herfoarme tsjerke, tsjintwurdich PKN-tsjerke. It is in ienskippige tsjerke mei in healrûne koerôfsluting. en komt fan de 13e iuw. De grafstienkommisje fan 'e Fryske Akademy hat dêr yn july 2017 twa tige âlde preestersarken bleatlein fan de pastoars JoukeBron: Friese memorabilia . Argivearre op 21 april 2024. en HaaieBoarne: Friese memorabilia . Grifformearde tsjerke; ôfstjitten yn 2014 is in rjocht sletten krústsjerke fan 1915.
Mûne Likernôch in kilometer noardwestlik fan it doarp stiet de poldermûne Marswâl.
Strjitten Ald Haven, Barsumerpaad, Bayumerleane, Berghuzerwei, Buorren, Elshoutbuert, Hizzaarderleane, It Fabryk, Noarderein, Skoallebuert, Tsjerkestrjitte, Sytze van Abbemastrjitte, Waaksenserwei.
Sjoch ek Fryske doarpen.
Kategory:Doarp of stêd yn Wûnseradiel Kategory:Doarp of stêd yn Súdwest-Fryslân