thumb|right|Koarnwertersân Koarnwertersân is in lyts doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, oan 'e knik yn de Ofslútdyk en leit likernôch 4 km fan it Fryske fêstelân. It doarp hat ynwenners ().

Skiednis Oarspronklik wie it in wurkeilân, dat foar de bou fan de Ofslútdyk oanlein waard op de sânplaat mei deselde namme dy't yn de Sudersee lei. De knik yn ' Ofslútdyk, dêr't Koarnwertersân ynboud is, is om sa de útstream fan de Iselmar makliker te meitsjen. It slûzekompleks fan Koarnwertersân wetteret ôf op de skeane slinke fan de Middelgrûn. It like de yngenieurs better om it slûzekompleks rjocht op de slinke te pleatsen, om't it wetter dan yn in rjochte line fuort streamt.

It doarp waard yn 1928 boud. Yn 1940 en 1941 waarden hûzen boud om it slûs- en brêgepersoniel te húsmanjen. Healwei de 1980-er jierren waarden de huzen ferkocht nei't it ferplichtsjen om it personiel yn Koarnwertersân wenje te litten kaam te ferfallen.

Oant 2011 lei Koarnwertersân yn de eardere gemeente Wûnseradiel.

Slach om de Ofslútdyk

Yn maaie 1940, by de Dútske ynfal yn Nederlân, waard dêr fûl fochten. It Fort Koarnwertersân wie ien fan de pear Nederlânske stellings dy't de Dútske oanfaller tsjinhâlde koe.

Kazematten Dat waard fan militêre betsjutting achte yn ferbân mei ynundaasjes. Dêrom is yn Koarnwertersân in stelsel fan kazematten oanlein dat de slûzen beskermje moat. Dêr waard yn de Maaiedagen fan 1940 fûleindich fochten; it hat de iennige Nederlânske stelling west dy't hoekhold foar de Dútsers oer.

Slûzekompleks Tichteby Koarnwertersân lizze de Lorentzslûzen, in stelsel fan silen en in grutte en lytse skutslûs. Mei de Stevinslûzen behearskje se it wetterpeil fan de Iselmar, en dêrmei ek fan it efterlân. It wetter fan de Iselmar wurdt spuid op de Waadsee. Yn it ramt fan it Projekt Ofslútdyk wurdt der sûnt 2019 wurke oan it fersterkjen en ferheegjen fan 'e Ofslútdyk en it fergrutsjen fan 'e wetterôffier. Dêr komt in nije kearslûs en de besteande silen wurde fergrutte. De grutte slûs by Koarnwertersân wurdt grutter makke oant 25 meter breed en 150 meter lang en de farslinke wurdt ferdjippe. Ek de draaibrêge wurdt ferfongen, want dy is troch metaalwurgens fersliten. Se wolle gauris net goed ticht nei't se iepen wiene, itjinge it ferkear bot hindere.

Westlik fan 'e slûzen wurdt de Fiskmigraasjerivier boud, in passaazje foar fisken dy't fan it swiete wetter fan 'e Iselmar nei it sâlte wetter fan 'e Waadsee en oarsom swimme kinne. dat projekt is in unikum yn 'e wrâld.Webside Fiskmigraasjerivier

It besjen wurdich thumb|It Ofslútdyk Waadsintrum thumb|It museumgebou Kazemattemuseum Koarnwertersân mei de slûzen en kazematten falle ûnder de beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân. It Ofslútdyk Waadsintrum (Afsluitdijk Wadden Center), in eksposysjesintrum

Mienskip De feriening foar Doarpsbelang komt op foar de belangen fan 'e ynwenners fan it doarp. Foar alle oare foarsjennings binne de ynwenners rjochte op Makkum.

Sport en rekreaasje Troch it plak rint de Jeropeeske kuierrûte E9, ek wol North Sea Trail of Deltapaad neam. De E9 rint bylâns de kust fan Portegal nei de Baltyske steaten.

Ynfrastruktuer

Bustsjinst Troch Koarnwertersân rint de folgjende busline:

Line 350: Alkmar - Ljouwert fia de Ofslútdyk

De busline troch Koarnwertersân wurdt fersoarge troch Qbuzz.

Strjitten Ofslútdyk, Slûswei.

Sjoch ek Fryske doarpen.

Keppeling om utens Webside fan Koarnwertersân

Kategory:Doarp of stêd yn Wûnseradiel Kategory:Doarp of stêd yn Súdwest-Fryslân