Vishwa Mohan Bhatt, ek ferneamd as V. M. Bhatt (Jaipûr, 12 july 1950) is in Yndiaask gitarist. Bhatt is ûntwerper fan in modifisearre slide guitar dy't er nei it Yndiaaske ynstrumint Vina ferneamd hat, Mohan Veena.http://cities.expressindia.com/fullstory.php?newsid=7430 Hy makket Hindûstaanske klassike muzyk en wûn in Grammy Award yn 1994.
Bhatt komt út in famylje fan muzikanten en wie learling fan Ravi Shankar. Sûnt 1970 stiet er yn Yndia op de planken, ek as begelieder fan Ravi Shankar op dy syn toernees.
Bhatt is it ferneamdst fan syn album A Meeting by the River, yn 'e mande mei Ry Cooder, dy't in Grammy award opsmiet. Hy hat teffens spile mei Westerske artysten lykas Taj Mahal, Béla Fleck en Jerry Douglas. Yn 2004 spile er op it Crossroads Guitar Festival, organisearre troch Eric Clapton, en berikte sadwaande in grutter publyk mei syn muzyk.
Hy ûntfong in Sangeet Natak Akademi Award yn 1998 en de Padma Shri yn 2002.
Folkmuzikant Harry Manx, dy't fiif jier by Vishwa Mohan Bhatt en syn âldste soan Salil Bhatt studearre, spilet in Mohan Veena. De Australyske muzikant Lawrie Minson jildt itselde foar. Matt Malley, bassist fan de Counting Crows spilet ek in Mohan Veena en is in learling en freon fan Vishwa Mohan Bhatt.
Diskografy
Kar-út 1992 - Guitar A La Hindustan, Magnasound (Yndia) 1992 - Saradamani, Water Lily Acoustics 1993 - Gathering Rain Clouds, Water Lily Acoustics 1993 - A Meeting by the River (mei Ry Cooder), Water Lily Acoustics. Smiet in Grammy Award (Best World Music Album) op 1995 - Bourbon & Rosewater (mei Jerry Douglas & Edgar Meyer), Water Lily Acoustics 1995 - Mumtaz Mahal (mei Taj Mahal & N. Ravikiran), Water Lily Acoustics 1996 - Saltanah (with Simon Shaheen), Water Lily Acoustics 1996 - Tabula Rasā (album) (mei Béla Fleck & Jie-Bing Chen), Water Lily Acoustics 1996 - Sounds of Strings, Music today, Yndia 2008 - Mohan's Veena, Times Music, Yndia 2010 - Desert Slide, Times Music, Yndia 2010 - Mohan's Veena II, Times Music, Yndia 2011 - Groove Caravan, Deeksha Records, Kanada 2012- "Morning Mist", Bihaan Music, Kolkatta, India 2014 - OMKARA - The Sound of Divine Love (mei Rupam Sarmah) 2015-"Vishwa Ranjini"-Bihaan Music, Kolkatta, India
Keppelings om utens Offisjele webside
Kategory:Yndiaask muzikant Kategory:Yndiaask gitarist Kategory:Grammy-winner Kategory:Radjastaansk persoan Kategory:Persoan berne yn 1950
ml:വിശ്വ മോഹന് ഭട്ട്