Maureen O'Sullivan (Boyle (Ierlân), 17 maaie 1911 - Scottsdale (Arizona), 23 juny 1998) wie in Iersk-Amerikaanske aktrise dy't fral ferneamd waard fan har rol as Jane yn de Tarzan-films.
Biografy O'Sullivan wenne yn har jeugd yn Londen, Parys en Dublin. Har heit wie in majoar yn it Britsk leger. Yn Londen siet sy yn ien klasse mei Vivien Leigh. 1929 waard sy ûntdutsen troch regisseur Frank Borzage en krige hja in rol yn syn film Song of my heart en yn 1930 waard hja troch har mem nei Hollywood brocht, dêr't filmprodusint Irving Thalberg fan MGM har de rol fan Jane yn de film Tarzan And His Mate (1934) besoarge. Hja wie dêrmei de tsjinspylster fan Johnny Weissmueller, dy't de rol fan Tarzan fertolke. Sy spile Jane fan 1932 oant 1942 yn seis Tarzan-films.
Yn 1936 boaske hja mei John Farrow. It pear krige sân bern, ûnder wa't harren dochter Mia Farrow wie dy't letter ek aktrise waard.
De jierren tritich wienen O'Sullivans bêste jierren as aktrise. Njonken de Tarzanfilms spile hja ek yn The Thin Man en David Copperfield. John Farrow stoar yn 1963. Yn dy tiid spile hja al net folle mear yn films. Yn 1983 troude hja op 'en nij, doe mei James Cushing. O'Sullivan har lêste grutte rol spile hja yn 1986, yn Peggy Sue Got Married.
Maureen O'Sullivan stoar 1998 yn de âldens fan 87 jier oan de gefolgen fan in hertynfarkt.
Filmografy (kar-út) 1930 : So this is London fan John G. Blystone 1930 : Song o' My Heart fan Frank Borzage 1930 : Just Imagine fan David Butler (produsint) 1931 : A Connecticut Yankee fan David Butler (produsint) 1931 : Skyline de Sam Taylor 1932 : Tarzan the ape man fan W.S. Van Dyke 1932 : Strange Interlude fan Robert Z. Leonard 1932 : Okay, America!, fan Tay Garnett 1933 : Tugboat Annie fan Mervyn LeRoy 1934 : Tarzan and his mate fan Cedric Gibbons en Jack Conway 1934 : The Thin Man fan W.S. Van Dyke 1934 : The Barretts of Wimpole Street fan Sidney Franklin (produsint) 1935 : West Point of the Air fan Richard Rosson 1935 : Cardinal Richelieu fan Rowland V. Lee 1935 : The Flame Within, fan Edmund Goulding 1935 : Woman Wanted fan George B. Seitz 1935 : Anna Karenina fan Clarence Brown 1935 : David Copperfield fan George Cukor 1936 : 'The Devil-Doll fan Tod Browning 1936 : Tarzan escapes fan Richard Thorpe 1937 : A day at the races fan Sam Wood 1937 : The Emperor's Candlesticks fan George Fitzmaurice 1937 : Between Two Women fan George B. Seitz 1938 : Port of Seven Seas fan James Whale 1938 : A Yank at Oxford fan Jack Conway 1938 : Hold that Kiss fan Edwin L. Marin 1938 : The port of seven seas fan James Whale 1938 : The Crowd Roars fan Richard Thorpe 1938 : Spring Madness fan S. Sylvan Simon 1939 : ''''Let Us Live! fan John Brahm 1939 : Tarzan finds a son ! fan Richard Thorpe 1940 : Pride and Prejudice fan Robert Z. Leonard 1941 : Tarzan's Secret Treasure fan Richard Thorpe 1942 : ''Tarzan's New York Adventure fan Richard Thorpe 1948 : The Big Clock fan John Farrow 1950 : Where Danger Lives fan John Farrow 1952 : Bonzo goes to college fan Frederick De Cordova 1953 : All I Desire fan Douglas Sirk 1953 : Mission Over Korea fan Fred F. Sears 1954 : Duffy of San Quentin fan Walter Doniger 1957 : The Tall T fan Budd Boetticher 1958 : Wild Heritage fan Charles F. Haas 1965 : Never Too Late fan Bud Yorkin 1985 : Too Scared to Scream fan Tony Lo Bianco 1986 : Hannah and her sisters fan Woody Allen 1986 : Peggy Sue got married fan Francis Ford Coppola 1988 : Good Old Boy: A Delta Boyhood fan Tom G. Robertson
Keppelings om utens Offisjele webside O'Sullivan yn IMDb
Kategory:Iersk toanielakteur Kategory:Iersk telefyzje-akteur Kategory:Iersk filmakteur Kategory:Amerikaansk toanielakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk persoan fan Iersk komôf Kategory:Persoan dy't omkommen is troch komplikaasjes by in operaasje Kategory:Persoan berne yn 1911 Kategory:Persoan stoarn yn 1998