John Farrow (John N.B. Villiers-Farrow) (Sydney, 10 febrewaris 1904 - Beverly Hills, 28 jannewaris 1963) wie in regisseur, senarioskriuwer en filmprodusint fan Australysk komôf.

Farrow waard 1947 natueralisearre ta Amerikaan. Hy wie fan 1936 oant 1963 boaske oan aktrise Maureen O'Sullivan. It pear krige sân bern. Harren dochters Tisa en Mia waarden ek aktrise. In ferneamde film noir dy't hy regissearre wie The Big Clock út 1948, yn syn sjenre in klassiker.

Yn 1957 wûn er de Academy Award for Best Writing/Best Screenplay foar Around the World in 80 Days (1956) en yn 1942 wie er nominearre as Best Director foar Wake Island.

Keppelings om utens John Farrow yn de IMDb John Farrow by Find A Grave

Kategory:Australysk filmregisseur Kategory:Amerikaansk filmregisseur Kategory:Australysk filmprodusint Kategory:Amerikaansk filmprodusint Kategory:Australysk senarioskriuwer Kategory:Amerikaansk senarioskriuwer Kategory:Oscar-winner Kategory:Amerikaansk persoan fan Australysk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Australysk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1904 Kategory:Persoan stoarn yn 1963