Hillary Clinton, berne as Hillary Diane Rodham (Chicago, 26 oktober 1947), is in Amerikaansk politika fan de Demokratyske Partij, dy't troud is mei âld-presidint Bill Clinton, en sadwaande fan 1993 oant 2001 first lady fan 'e Feriene Steaten wie. Nei't har man presidint-ôf wurden wie, sette hja útein mei in eigen politike karriêre as lid fan de Amerikaanske Senaat. Yn 2007-2008 wie Clinton gadingmakker foar de nominaasje fan har partij foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2008, mar dêrby moast se it ôflizze tsjin har rivaal Barack Obama. Neitiid wie se fan 2009 oant 2013 minister fan Bûtenlânske Saken yn Obama syn regear. Yn 2016 die Clinton op 'e nij in goai nei it presidintskip. Dêrby fersloech se yn 'e Demokratyske foarferkiezings de linkse senator Bernie Sanders en naam se it by de eigentlike ferkiezings yn in ûngewoan hurde kampanje op tsjin sakeman Donald Trump.

Libben Jonkheid Clinton waard yn 1947 as Hillary Diane Rodham berne yn Chicago, yn 'e steat Illinois, as de âldste fan trije bern yn it gesin fan Hugh Ellsworth Rodham (1911-1993), de bedriuwslieder fan in lyts tekstylfabryk, mei Welsk en Ingelsk bloed, en Dorothy Emma Howell (1919-2011), in húsfrou fan mingd Ingelsk, Skotsk, Frânsk, Frânsk-Kanadeesk en Welsk etnysk komôf. Doe't Clinton trije jier wie, ferfear it gesin nei Park Ridge, in foarstêd fan Chicago, dêr't hja fierder opgroeide.

As bern die Clinton oan swimmen, honkbal en oare sporten, en teffens siet se op 'e paadfinerij. Se gie nei de legere en middelbere skoalle yn Park Ridge, en wie al jong polityk aktyf, al wie dat foar de Republikeinske Partij, mei't har famylje tige konservatyf wie en har heit in fûleindich anty-kommunist. Ek godstsjinst hie in grutte ynfloed op har iere libben; krekt as har âldelju waard Clinton in aktyf lid fan de Feriene Metodistyske Tsjerke. Har mem wie tige begien mei sosjale rjochtfeardichheid, en naam Clinton yn 1962 mei nei in gearkomste dêr't se boargerrjochtelieder Martin Luther King mette, in foarfal dat in djippe yndruk makke op it fyftjinjierrige famke dat se doe wie.

Oplieding en trouwen Yn 1965 sette Clinton útein mei in stúdzje politikology oan it Wellesley Kolleezje te Wellesley, yn 'e steat Massachusetts. Yn dy snuorje wie se de foarsitster fan 'e feriening fan Jonge Republikeinen oan har hegeskoalle, mar meitiid begûnen har politike ideeën te ferskowen, en joech se dy posysje op. Yn in brief oan har dûmny omskreau se harsels yn dy tiid as "konservatyf fan ferstân en liberaal fan hert." Under de Republikeinske foarferkiezings fan 1968 wie se in oanhinger fan 'e frijsinnige kandidaat Nelson Rockefeller, mar se wie skokt troch de manear wêrop't dy troch Richard Nixon en oare rjochtse kandidaten oan 'e kant set waard, en krige in ôfwearze fan wat se opfette as de ferhoalen rasistyske boadskippen dy't utere waarden op 'e Republikeinske Nasjonale Konvinsje fan 1968. Sadwaande kearde se dat jiers de Republikeinske Partij foargoed de rêch ta.

Nei't se yn 1969 in bachelortitel yn 'e politikology behelle hie, brocht Clinton de simmer backpackend troch yn Alaska, dêr't se yn har ûnderhâld foarseach troch ûnder mear te ôf te waskjen yn in restaurant yn it Nasjonaal Park Mount McKinley en te salmûntslymjen yn in fiskferwurkingsfabryk yn Valdez (dêr't se ûntslein waard doe't se oer de gefaarlike wurkomstannichheden klage). Oan 'e ein fan de simmer sette se útein mei in rjochtestúdzje oan de ferneamde en prestizjeuze Universiteit fan Yale, yn New Haven, yn 'e steat Konnetikut. By 't maityd fan 1971 mette se yn ien fan 'e biblioteken fan Yale de Arkansaanske studint Bill Clinton, dy't ek rjochten studearre mar in jier leger siet as har. Hja krigen wat mei-inoar en wiene al gau ûnskiedber. Yn 1973 studearre Clinton ôf as master yn de rjochten; se hie in jier ekstra te Yale talme om't se by Bill Clinton bliuwe woe. It pear troude op 11 oktober 1975, en se krigen ien bern, in dochter, Chelsea Clinton, dy't berne waard op 27 febrewaris 1980.

Yn Arkansas

Nei't se ôfstudearre wie, learde Clinton fan 1973 oant 1974 in jier lang troch oan 'e Universiteit fan Yale foar har doktoraat, wêrby't se har talei op bernerjochten. Yn 1974 wie se ien fan 'e juridyske riedslju dy't advys joegen oan it komitee fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen dat ûndersyk dwaan moast nei it Watergate-skandaal om te sjen oft der foldwaande reden wie om in ôfsettingsproseduere yn wurking te stellen tsjin presidint Richard Nixon. Yn 1975 besleat Clinton lykwols om, sa't se it sels formulearre, "myn hert ynstee fan myn holle te folgjen"; se joech Bill Clinton tawurd en sette har mei him nei wenjen yn Fayetteville, yn 'e Súdlike steat Arkansas.

Wylst har man in politike karriêre begûn, wêrby't er him earst ûnsúksesfol kandidaat stelde foar de Amerikaanske Senaat, doe sûnder folle muoite steatsminister fan Justysje fan Arkansas waard en letter opklom ta gûverneur fan dy steat, joech Clinton har by it earbiedweardige abbekatekantoar de Rose Law Firm, in bolwurk fan Arkansaanske politike en ekonomyske ynfloed. Se spesjalisearre har op it mêd fan oktroaiskeining en wetjouwing op it terrein fan auteursrjochten, mar die ek pro deo-wurk yn saken dêr't bern by belutsen wiene, al praktisearre se mar komselden yn 'e rjochtseal. Yn 1979 waard Clinton as earste frou in folweardige partner yn 'e Rose Law Firm.

Doe't Bill Clinton ein 1976 ta steatsminister fan Justysje keazen waard, ferhuze it gesin nei de Arkansaanske haadstêd Little Rock. Datselde jiers hie Hillary Clinton kampanjelieder yn 'e steat Indiana west foar de Demokratyske presidintskandidaat Jimmy Carter, en doe't dy de ferkiezings wûn, beneamde er har ta lid fan 'e ried fan bestjoer fan 'e Legal Services Corporation, in non-profitorganisaasje oprjochte troch it Amerikaanske Kongres, dy't bewissigje moast dat alle Amerikanen tagong hawwe ta subsidiëarre rjochtshelp. Dy funksje beklaaide Clinton fan 1978 oant 1981. Mei't har man fan 1979 oant 1981 en fan 1983 oant 1992 gûverneur wie, hie Clinton yn dy jierren ek ferplichtings as first lady fan Arkansas. Har man beneamde har fierders ta foarsitster fan it Advyskomitee foar Plattelânssûnens, en yn dy hoedanichheid wist se federale finansiering te bemachtigjen om 'e medyske fasiliteiten foar de alderearmsten ûnder de Arkansaanske befolking út te wreidzjen.

Clinton wie yn dyselde snuorje ek fierhinne ferantwurdlik foar de ynvestearrings dy't de sy en har man diene yn ferskate ûndernimmings, wêrûnder de Whitewater Development Corporation. De twifelige saaklike oerienkomsten mei dat lêste bedriuw laten letter ta it Whitewater-skandaal, dat de Clintons har hiele politike karriêre efterfolgje soe. Nei't der ferskate jierren lang djipgeand ûndersyk nei dien wie, besleat it Iepenbier Ministearje lykwols om yn dy saak gjin oanklachten tsjin harren yn te bringen.

Under Bill Clinton syn lettere terminen as gûverneur beneamde er syn frou yn 1983 ta foarsitter fan 'e Arkansas Educational Standards Committee, dy't foar de hiele steat gelikense easken foar it ûnderwiis opstelle moast. Hja rekke troch dat wurk belutsen by in slepende mar úteinlik súksesfolle striid tsjin 'e Arkansaanske Underwiisferiening, dy't him tsjin 'e troch har foarstelde feroarings oankante. Fierders siet se yn it bestjoer fan in ferskaat oan organisaasjes, lykas de ôfdieling Juridyske Tsjinsten fan it Arkansaanske Bernesikehûs (1988-1992) en it Berneferdigeningsfûns, dêr't se foarsitter fan wie (1986-1992). Dêrnjonken siet se ek yn 'e ried fan bestjoer fan in stikmannich bedriuwen, wêrûnder Wal-Mart (1986-1992), de grutste supermerkkeatling fan 'e Feriene Steaten.

Yn Washington Yn 1992 stelde Bill Clinton him ferkiesber foar it Amerikaanske presidintskip, en hy wûn dat jiers de ferkiezings. Hillary Clinton, dy't har tige ynset hie yn 'e kampanje fan har man, wie sadwaande fan 1993 oant 2001 first lady fan 'e Feriene Steaten. Yn dy hoedanichheid wie se de iepentlikst mei-regearjende presidintsfrou sûnt Eleanor Roosevelt, yn 'e 1930-er en 1940-er jierren. Se hie har eigen kantoar yn 'e West Wing, de regearingsfleugel fan it Wite Hûs, njonken it tradisjonele kantoar dat de first lady altyd al hie yn 'e East Wing, de residinsjefleugel, en se hie hiel wat yn 'e molke te krommeljen by de oanstellings yn it nije regear.

Clinton har wichtichste inisjatyf ûnder it presidintskip fan har man wie har krewearjen foar in algemiene syktekostefersekering dy't alle Amerikanen omfetsje soe. It plan waard troch tsjinstanners ferhune as Hillarycare, en de wjerstân dertsjin ferskode al rillegau fan krityk ta dreksmiterij ta iepentlike fijannichheid. It spul rûn sasear út 'e klauwen dat de Secret Service derop stie dat Clinton tenei by iepenbiere gearkomsten in kûgelfrij fest drage soe. Troch tsjinwurking fan sawol de Republikeinen as konservative Demokraten helle de algemiene syktekostefersekering it úteinlik net, en moasten de alderearmsten yn 'e Amerikaanske maatskippij noch tweintich jier langer ûnfersekere troch it libben. Yn 1997 wie Hillary Clinton fierders mei de senators Ted Kennedy en Orrin Hatch ien fan 'e driuwende krêften efter it fan krêft wurden fan it Steatsprogramma foar Bernesyktekostefersekering, dat alteast foarseach yn 'e fergoeding fan syktekosten fan bern fan wa't de âldelju ûnfersekere wiene.

Under it presidintskip fan har man besocht Clinton 79 ûnderskate ferskillende lannen, mei Bill Clinton, mar ek gauris op eigen manneboet, wêrmei't se de meast bereizge first lady út 'e Amerikaanske skiednis waard. Faak wie se dêrby wurksum as offisjeus diplomate foar de regearing-Clinton, lykas yn maart 1995, doe't se op fersyk fan it Amerikaanske Ministearje fan Bûtenlânske Saken û.m. Pakistan en Yndia oandie yn in besykjen om 'e relaasjes tusken dy beide fijannen te ferbetterjen.

Yn 1998 waard Clinton yn slimme ferlegenheid brocht troch it Lewinsky-skandaal, dat feroarsake waard troch har man doe't dy seksuële omgong hie mei Monica Lewinsky, in 22-jierrige stazjêre yn it Wite Hûs, en letter besocht om dy saak te fertsjustermoanjen. Clinton syn politike tsjinstanners griepen dy saak oan om him oan te fallen, en sa kaam úteinlik alle smoarge wask bûten te hingjen. Foar de bûtenwrâld oer joech Hillary Clinton oan dat se yn dizze saak har man stipe en dat it ferbrekken fan harren houlik foar har net oan 'e oarder wie. Der waard lykwols fan grute dat se eins poer wie, en se skynt twifele te hawwen oer it fuortsetten fan it houlik. Yn 2003 skreau se yn har autobiografy dat nettsjinsteande syn skeanskermjen har leafde foar Bill Clinton noch like djip wie as yn it begjin fan harren relaasje, en dat dat úteinlik foar har de trochslach jûn hie om by him te bliuwen: "Net ien begrypt my better en net ien kin my sa oan it laitsjen krije as Bill. Sels nei al dy jierren is er noch altyd de meast ynteressante, opwekjende en alderferskuorrendst libbene persoan dy't ik ea met haw."

Eigen politike karriêre Doe't de langtsjinjende senator foar de steat New York Daniel Patrick Moynihan yn 1998 oankundige dat er him yn 2000 net wer ferkiesber stelle soe, waard Clinton fan ferskaten kanten oanfitere om yn syn plak mei te dwaan oan 'e ferkiezings. Nei't se besletten hie om dat yndie te dwaan, kochten de Clintons in hûs yn Chappaqua (want as men gjin ynwenner is fan in steat kin men der ek gjin senator foar wêze), en waard hja de earste first lady ea dy't op eigen titel meidie oan ferkiezings. Clinton hie ferwachte om it opnimme te moatten tsjin 'e populêre Republikeinske boargemaster fan 'e stêd New York, Rudy Giuliani, mar dy loek him út 'e ferkiezingsstriid werom doe't der by him prostaatkanker fêststeld waard. Sadwaande wie Clinton har tsjinstanner Rick Lazio, in Republikeinsk lid fan it Hûs fan Offurdigen, dy't hja frij maklik fersloech.