De Grammy Awards (oarspronklik Gramophone Awards neamd), ynsteld yn 1959, wurde yn it generaal beskôge as ien fan de wichtichste muzykprizen fan de wrâld, ferlykber mei de Oscars (foar film), de Emmys (foar tillefyzje) en de Tonys (foar toaniel). Dizze ûnderskiedings wurde alle jierren yn de Feriene Steaten troch de National Academy of Recording Arts and Sciences (NARAS) utrikt om artistike en technyske prestaasjes op it mêd fan muzyk te earjen. De sjuery bestiet út artysten en profesjonele muzyktechnisy. Sy meitsje in kar út de nominearden: muzikanten, sjongers, sjongsters en bands, arranzjeurs, tekstskriuwers, produsinten, diriginten, komponisten en muzyktechnisy yn gâns kategoryen. Der is ek in kategory "sputsen wurd", foar ynsprekkers fan lústerboeken; ferneamde politisy as Jesse Jackson, Franklin D. Roosevelt, Martin Luther King, Bill Clinton en Hillary Clinton hawwe elts ea in Grammy yn dy kategory wûn.

Kategoryen It tal kategoryen wikselet hast alle jierren. Maityd 2011 makke de Grammy-organisaasje buorkundich dat it tal kategoryen fan 2012 ôf bot beheind wurde soe. Yn 2011 waarden noch yn 109 kategoryen prizen takend, yn 2012 wienen dat noch mar 78. Neffens de NARAS wie dy reorganisaasje nedich meidat de mjitstêven yn guon katgoryen net hielendal dúdlik wiene, en om't der foar beskate kategoryen ienfâldichwei te min gadingmakkers wienen. Ferskate kategoryen waarden sadwaande gearfoege, bygelyks dy foar Best Male Pop Performance en Best Female Pop Performance dy't tegearre de nije kategory Best Pop Solo Performance kamen te foarmjen.

It foldie lykwols net, dat foar de útrikking fan 2013 waard it tal kategoryen dochs wer útwreide oant 81. Yn 2013 waarden de prizen yn de folgjende kategoryen ferdield:

(Alle prizen wurde takend oan útfierende artyst(en), útsein: (K) = komponist(en), (A) = arranzjeurs)

algemien Plaat fan it jier Album of the Year Song of the Year (K) Best New Artist (It ferskil tusken Record of the Year en Song of the Year is: 'Record' giet om de technyske kwaliteit fan de opname, wylst it by 'Song' yn it foarste plak om de kwaliteit fan de komposysje giet) Pop Best Pop Solo Performance Best Pop Duo/Group Performance Best Pop Instrumental Album Best Pop Vocal Album Dance/Electronic Best Dance Recording Best Dance/Electronica Album Tradisjonele Pop Best Traditional Pop Vocal Album (lykas Tony Bennett, Frank Sinatra, Michael Bublé of Barbra Streisand''' Rock Best Rock Performance Best Hard Rock/Metal Performance Best Rock Song (K) Best Rock AlbumAlternativeBest Alternative Music Album R&B Best R&B Performance Best Traditional R&B Performance Best R&B Song (C) Best Urban Contemporary Album (nij yn 2013)Best R&B Album Rap Best Rap Performance Best Rap/Sung Collaboration (foar oparbeidzjen mei/duet tusken in rapper en in sjonger of groep)Best Rap Song (K) Best Rap Album Country Best Country Solo Performance Best Country Duo/Group Performance Best Country Song (K) Best Country AlbumNew AgeBest New Age Album Jazz Best Improvised Jazz Solo Best Jazz Vocal Album Best Jazz Instrumental Album Best Large Jazz Ensemble Album (foar bigbands en grutte jazzgroepen)Best Latin Jazz Album (nij yn 2013) Gospel Best Gospel/Contemporary Christian Music Performance Best Gospel Song (K) Best Contemporary Christian Music Song (K) Best Gospel Album Best Contemporary Christian Music AlbumLatinBest Latin Pop Album (nij yn 2013)Best Latin Rock, Urban or Alternative Album Best Regional Mexican Music Album (foar Tejano- en Meksikaanske folksmuzyk, lykas mariachi) Best Banda or Norteño Album Best Tropical Latin Album American Roots Best Americana Album Best Bluegrass Album Best Blues Album Best Folk Album Best Regional Roots Music Album (foar regionale Amerikaanske muzyk, lykas Hawaïaanske muzyk, polka, zydeco, Cajun en yndianemuzyk) Reggae Best Reggae Album Wrâlddmuzyk Best World Music Album Bernemuzyk Best Children's Album Sprutsen Wurd (Spoken Word) Best Spoken Word Album Comedy Best Comedy Album Musical Best Musical Theater Album Fisuële Media Best Compilation Soundtrack for Visual Media Best Score Soundtrack for Visual Media (foar orzjynele muzyk dy't foar in film, tv-programma, dvd of fideogame makke is) Best Song Written for Visual Media (K) Komposysjes/Arrangeminten Best Instrumental Composition (K) Best Instrumental Arrangement (A) Best Instrumental Arrangement Accompanying Vocalist(s) (A) Ferpakkingsmateriaal Best Recording Package (foar hoesûntwerpers) Best Boxed or Special Limited Edition Package (foar hoesûntwerpers) Best Album Notes (foar skriuwers fan hoesteksten) Histoarysk materiaal Best Historical Album Produksje (net-klassyk) Best Engineered Album, Non-Classical (foar technisy) Producer of the Year, Non-Classical (foar producer[s]) Best Remixed Recording, Non-Classical (foar [re]mixer[s]) Surround Sound Best Surround Sound Album Produksje (klassyk) Best Engineered Album (Classical) (foar technisy) Producer of the Year, Classical (foar produsint[en]) Klassike Muzyk Best Orchestral Performance Best Opera Recording Best Choral Performance Best Chamber Music/Small Ensemble Performance (foar lytse muzykselskippen – ûnder de 24 leden – lykas kombo's en keamermuzykensembles) Best Classical Instrumental Solo Best Classical Vocal Solo Best Classical Compendium (nij yn 2013) Best Contemporary Classical Composition (K) Fideoklip Best Short Form Music Video (foar de gewoane fideoklips) Best Long Form Music Video (foar muzykdokumintêres en konsertferfilmings)

Records * = Artyst hat yn 2013 ien of mear Grammys oan syn/har totaal taheakke (dy binne meirekkene yn it totaal tal wûne prizen)

Mei de measte Grammys 31: sir Georg Solti 27: Alison Krauss, Quincy Jones 25: Vladimir Horowitz, Pierre Boulez 22: U2, Stevie Wonder 21: John Williams, Kanye West* 20: Aretha Franklin, Vince Gill, Henry Mancini, Bruce Springsteen, Pat Metheny*, Chick Corea*

Mei de measte Grammys op ien jûn 8: Michael Jackson (1984) 8: Santana (2000) 6: Quincy Jones (1991), Eric Clapton (1993), Beyoncé (2010), Adele (2012)

Measte nominaasjes sûnder winnen 16: Brian McKnight 15: Joe Satriani, Snoop Dogg 14: Martina McBride 13: Nas, Björk 12: Diana Ross, Spyro Gyra

Keppelings om utens Webside fan de Grammy Awards Grammy Awards winners op Grammy.com (databank)

Kategory:Amerikaanske muzykpriis Kategory:Popmuzykpriis Kategory:Klassike-muzykpriis Kategory:Dancepriis Kategory:R&B-priis Kategory:Rockpriis Kategory:Rappriis Kategory:Countrypriis Kategory:Jazzpriis Kategory:Gospelpriis Kategory:Latinpriis Kategory:Reggaepriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1959