thumb|150px|De ferneamde roman Ulysses fan James Joyce. In roman (fan it Frânske roman) is de oantsjutting foar in grut ferskaat oan fral proazateksten, dy't benammentlik fiktyf fan aard binne en yn 'e regel it koarte ferhaal en de novelle yn lingte oertreffe. Der bestiet gjin algemien akseptearre minimumlingte foar in roman (ta ûnderskie fan in novelle), al wurdt troch in protte literatuerprizen de grins fan 40.000 wurden oanholden. Ek soe in roman breder fan opset wêze en in evenrediger opbou hawwe as in novelle, mar dêr binne withoefolle útsûnderings op te jaan.

Romansoarten Der kinne ferskate soarten romans ûnderskieden wurde: adolesinteroman of jongfolwoekseneroman brieveroman deiboekroman detektiveroman esotearyske roman famyljeroman fantasyroman histoaryske roman jeugdroman of jongereinroman horrorroman kollektive roman naturalistyske roman neoromantyske roman oarlochsroman psychologyske roman pikareske roman kaairoman science fiction-roman spionaazjeroman streekroman grafyske roman thriller (of skriller) takomstroman ûntwikkelingsroman

Kategory:Fiksjefoarm Kategory:Proaza Kategory:Utjouwersterm Kategory:Publikaasje Kategory:Lienwurd út it Frânsk