Nakajima B5N 275px Rol Torpedo- en dûkbommesmiter Makker Nakajima Hikoki Earste flecht Jannewaris 1937 Yn tsjinst 1939 Ut tsjinst 1945 Tal makke 1.149 Brûkers Japanske Keizerlike Marine thumb|left|250px|In Kate giet de loft yn fanôf fleandekskip Akagi

De Nakajima B5N Kate (alliearde koadenamme: Kate) wie in Japanske torpedobommesmiter yn tsjinst fan de Japanske Keizerlike Marineloftmacht. It wie tusken 1940 en 1944 de standert torpedobommesmiter fan Japan yn de Twadde Wrâldkriich yn de Stille Oseaan. Op 7 desimber 1941 hie it type súkses by de oanfal op Pearl Harbor en letter ek Slach yn de Koraalsee, Midway en Slach by de Santa Cruzeilannen.

It tastel wie feitlik yn 1941 al wat ferâldere, mar bleau de hiele oarloch troch yn gebrûk. Yn 1944 wie it lykwols absolút net mear opwoeksen tsjin de moderne alliearde jagers. Der waarden totaal 1149 fan makke.

Farianten Type K: Prototype. B5N1: Earste produksjemodel. B5N1-K: In protte B5N1s waarden omboud ta treningstastellen foar foardere fleanders. B5N2: Ferbettere ferzje fan de B5N1.

Spesifikaasjes (Nakajima B5N2)

Francillon 1970, p. 416. Bemanning: 3 (1 piloat, 1 kommandant en 1 boarskutter/radiotegrafist) Lingte: 10.30 m Spanwiidte: 15.52 m Hichte: 3.70 m Fleugeloerflak: 37.7 m² Leechgewicht: 2.279 kg Gewicht mei lading: 3.800 kg Maks. startgewicht: 4.100 kg Motor (prop): ien Nakajima Sakae 11, radiaalmotor fan 750 kW (1.000 hk) Maks. faasje: 378 km/o Fleanberik: 1.992 km Tsjinstplafond: 8.260 m Klimfaasje: 6,5 m/s Bewapening: masinegewearen: 1 × 7.7 mm Type 92 masinegewear 'Ru' (Lewis) efteryn cockpit, hânladen mei trommelmagazinen fan 97 patroanen. In tal B5N1s hienen 2 × 7.7 Type 97 masinegewear yn de fleugels. Bommen: 1 × 800 kg type 91 torpedo of 1x 800kg bom of 2 × 250 kg bommen of 6 × 132 kg bommmenBunrin Do Famous Airplanes of the World Type 97 (B5N) Carrier Torpedo Bomber, 1972, s. 74.

Sjoch ek Nakajima B6N TBD Devastator Fairey Albacore

Kategory:Japanske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Japanske bommesmiter Kategory:Yntroduksje út 1937