Jan Hendrik Leopold (De Bosk, 11 maaie 1865 - Rotterdam, 21 juny 1925) wie in Nederlânsk dichter en klassikus.
Libben Leopold kaam fan Arnhim, mar festige him op 2 maart 1892 yn Rotterdam. Itselde jier promovearre er yn Leien op it proefskrift Studia Peerlkampiana Oer de ferneamde Horatius-edysje út 1834 fan de Leienske heechlearaar P. Hofman Peerlkamp (1786-1865). Hy waard learaar klassike talen oan it Erasmiaans Gymnasium. Hy wie befreone mei syn learlinge Ida Gerhardt, dy't as dichteresse en leararesse klassike talen yn syn fuotleasten gie.
Leopolds oeuvre is net sa grut en neffens guonts hermetysk fan karakter. Ien fan syn ferneamdste wurken is it gedicht Cheops, dat teffens ien fan de ferneamdste wurken út de moderne Nederlânske boekdrukkeunst is. Leopold wie ek oersetter fan wurk fan Bacchylides en Sofokles en it gedicht Rubaiyat fan Omar Khayyám.
It Stedsargyf en Ateneumbibleteek yn Dimter hat in Leopold-kolleksje, dy't yn 2009 skonken waard troch Gerard Burger, foarsitter fan it Humanistisch Verbond, Dimter.Van Geert Groote tot Van Vloten. Wandelroute Deventer Humanisme
Wurken Studia Peerlkampiana (1892) Ad Spinozae opera posthuma (1902) Stoïsche wijsheid (1904) M. Antonius Imperator (1908) Uit den tuin van Epicurus (1910) Οινου ἑνα σταλαλμον (1910; privé-druk) Cheops (1914; privee-druk) Oostersch (1922) Nabetrachtingen van een concertganger (1929)
Gedicht LAATSTE WIL VAN ALEXANDER Dan, als ik tuimel in de kist doodsoverwonnen en bezweken, laat mijn twee handen zijn ontbloot en uit de baar naar buiten steken. Uit:Verzen II
KWATRIJN XXVII - Omar Khayyám Tentmaker zie, uw lichaam is een tent, den Sultan ziel tot een kort logement De vorst vertrekt; straks vouwt het linnen op de dood en geen die nog de standplaats kent Uit:Verzen II
Keppelings om utens Histoarysk-krityske útjefte, diel I Keninklike Bibleteek - profyl J.H. Leopold H. van der Hoeven, 'Leopold, Jan Hendrik (1865-1925)', yn: Biografisch Woordenboek van Nederland 1 (1979)
Kategory:Nederlânsk klassikus Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Brabânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1865 Kategory:Persoan stoarn yn 1925