Lockheed P-38 Lightning 275px Rol Jachtbommesmiter, nachtjager Makker Lockheed Untwerper Clarence "Kelly" Johnson Earste flecht 27 jannewaris 1939 Yn tsjinst 1941 Ut tsjinst 1965 (Hondûras) Tal makke 10.037 (1941–45) Brûkers Sjoch tekst

thumb|260px|Ferkennings P-38 mei ynvaazjestreken yn de Normandjekampanje De Lockheed P-38 Lightning wie in Amerikaanske swiere jachtfleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich. It tastel wie fluch, sterk en betrouber en ferfolde tal fan rollen yn de striid om de Grutte Oseaan, Noard-Afrika en yn Jeropa. Oarspronklik wienen hja ornearre as eskorte- en ûnderskeppingsjager, mar yn dy rol foldiene hja net yn Europa.

De P-38 Lightning waard dêrom oanpast om op te treden as ferkenningsfleanmasine, (jacht-)bommesmiter en nachtjager.

Op 27 jannewaris 1939 fleach it earste prototype en op 11 febrewaris 1939 waard mei dat tastel in trans-kontinintaal faasjerekord festige troch yn 7 oere en 2 minuten fan Kalifornje nei New York te fleanen.

Brûkt troch Yn WOII: Feriene Steaten (1941-1947), Austraalje (1943-1950), Sina, Frankryk, Feriene Keninkryk (1942-1945), Portugal. Nei WOII: Italië (1951-1957), Hondûras (1953-1959).

Farianten XP-38, YP-38, 322F, 322B, XP-38A, P-38D, P-38E, P-38F, F-4, P-38G, P-38H, P-38J, P-38K, P-38L (measten fan boud, 3923), F-5B, F-5E, F-5F, F-5G, TP-38L, P-38M, 822

Technyske eigenskippen Lockheed P-38L: Feiten Langte    11,53 m Fleugelspanwiidte    15,85 m Hichte    3,00 m Fleugeloerflak    30,42 m² Oandriuwing    twa V-12-Allison V-1710-111 motoren mei turbo-oanjager fan 1.193 kW (1.622 Hk) it stik Topfaasje    666 km/o op 7.620 m Fleanberik    4.184 km Bemanning    1 Tsjinstplafond    13.410 m Leechgewicht    5.805 kg Max. Startgewicht    9.798 kg Bewapening    fjouwer 12,7-mm-MGs, ien Hispano M2(C) 20-mm-kanon, oant 1.820 kg bommen of 12,7-sm-raketten

Keppelings om utens Manual: (1943) AN 01-75FF-2 Hânboek P-38L-1 (legerferzje) United States Air Force Museum P-38 side YouTube - Lockheed P-38 fleaneigenskippen (1943)

Kategory:Amerikaanske jachtfleanmasine Kategory:Amerikaanske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Yntroduksje út 1939