Polikarpov I-16 275px Rol Jachtfleantúch Makker Polikarpov Earste flecht 30 desimber 1933 Yn tsjinst Maaie 1934 Ut tsjinst 50er jierren (Spanje) Tal makke 8.644 (1934-1942) Grutste brûker Loftmacht Sowjet-Uny De Polikarpov I-16 (Russysk: Поликарпов И-16) wie in modern Sovjet-jachtfleanmasine doe't it om 1935 yntrodusearre waard. De fleanmasines wienen de rêchbonke fan de Sovjet Loftmacht by it út ein setten fan de Twadde Wrâldkriich. It type waard ek brûkt yn de Spaanske boargerkriich en de Slach by Halhin Gol.

Untjouwing Al dwaande mei de Polikarpov I-153, sette Nikolaj Nikolajevitsj Polikarpov alfêst útein mei in avansearre ienpersoans jachtfleantúch dat nijmoadrichheden hie sa as tsjellen dy't ynlutsen wurde koenen en in Wright-stjermotor.

Spesifikaasjes

Bemanning: 1 Farianten: I-16 (Type 1,4,5,6,10,12,17,18,20,24,27,28,29,30), I-16P, I-16Sh (TsKB-18), I-16SPB (TsKB-29), I-16TK, UTI-1, UTI-2, UTI-4 (I-16UTI). Lingte: 6,13 m Spanwiidte: 9,00 m Hichte: 2,25 m Fleugeloerflak: 14,54 m² Leechgewicht: 1383 kg Startgewicht: 1882 kg Motor: ien Shvetsov M-63 luchtkuolle radiaalmotor fan 670 hk Topfaasje: 460 km/o Klimfaasje: 14,7 m/s Aksjeradius: 440 km Tsjinststplafond: 9700 m Bewapening: Boardgeskut: fjouwer 7,62 mm ShKAS mitrailleurs mei ek 725 patroanen. (I-16 Type 24: twa 20mm ShVAK kanonnen) Bommen: oant 100kg Raketten: seis RS-82 raketten

Tsjinne by

Nasjonalistysk Sina: Finlân: Sovjet Loftmacht : Spaanske loftmacht (1933): Dútske Loftmacht (1933): Poalske Loftmacht: Spaanske Loftmacht: Mongoalje

Besibbe ûntwerpen Polikarpov Polikarpov I-5 Polikarpov I-15 Polikarpov I-180

Fergelykbere fleanmasines Gee Bee R-1 Brewster F2A Buffalo Fiat G.50 Macchi MC.200 Nakajima Ki-27 Seversky P-35

Kategory:Russyske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Russyske jachtfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1933