Nakajima Ki-27 thumb|250px|Ki-27 Fabrikant Nakajima Hikoki Earste flecht 15 oktober 1936 Yn tsjinst 1937 Produksjejierren1935 oant 1942 Tal makke 3.368
De Nakajima Ki-27, of jachtfleanmasine Type 97, wie de standertjager fan de Japaneeske Loftmacht fan 1937 oant 1940. De Alliearden joegen it tastel de bynamme "Nate", mar yn it Fiere Easten wie it faak "Abdul" neffens nei-oarlochske boarnen.
Eksport De Ki-27 waard ek ferkocht oan de Japanske bûnsmaten Tailân en Mantsjoekwo. Yn Mantsjoerije waard it tastel ek yn lisinsje makke.
Yndoneezje hie nei de Twadde Wrâldkriich de typen Ki-27 en Ki-79 yn gebrûk; tastellen dy't de Japanners efterlitten hienen.
De yn Mantsjoekwo makke Ki-27 en Ki-79 waarden troch de kommunisten yn de Sineeske Boargerkriich brûkt.
Technyske feiten Feiten Ki-27a Langte 7,53 m Fleugelspanwiidte 11,31 m Hichte 3,25 m Motor Ien Nakajima Ha.1b Stjermotor fan 522 kW (710 KK) Topfaasje 470 km/o op 3500 m Aksjeradius 625 km Bemanning 1 Tsjinstplafond 12.250 m Leechgewicht 1110 kg Maks. startgewicht 1790 kg Bewapening Standert twa 7,7 mm Masinegewearen, de Ki-27b koe 4 x 25 kg bommen meinimme. Ien MG waard faak fan in 12,7 mm ferfongen. As lesfleantúch ien MG of gjin.
Kategory:Japanske jachtfleanmasine Kategory:Japanske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Yntroduksje út 1936