Suwâld is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel op de râne fan de Fryske Wâlden, súd fan Hurdegaryp en tsien kilometer súdeastlik fan Ljouwert.
Suwâld hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners. Skiednis thumb|left|Protestantske Georgiustsjerke De namme komt fan suderwâld. It streekdoarp is ûntstien op in lange smelle sânrêch bewesten de Wide Ie. Oan beide kanten fan de sânrêch lei leechfean. It doarp komt al as Suethawald foar yn 1328 en as Zuwawald yn 1419. Yn de 12e iuw moat der al in tsjerkje stien hawwe.
Suwâld hat de earste sinnepont fan 'e wrâld, dy pont mei de namme 'Schalkediep' fart oer it Prinses Margrietkanaal en wurdt in soad brûkt troch fytsers. Yn it simmerseizoen fart hy alle dagen fan 11:00 oere oant 20.30 oere, sneins oant 18 oere. Oan it Prinses Margrietkanaal is in jachthaven foar passanten.
Suwâld hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.
Mienskip Suwâld hat in aktyf ferieningslibben. Boppedat wenje der ferskate keunstners mei in eigen atelier dy't op ôfspraak foar de besiker ipen binne. Yn de buorren fan it doarp stean de restaurearre tsjerke en it doarpshûs 'De Suderfinne' mei de jeugdsoas It Pypke. De doarpskrante hjit 'Mei Inoar'. De bewenners wurde ek wol 'kanaäniten' neamd.
Tsjerke
Suwâld hie njonken de herfoarme tsjerke ek in grifformearde tsjerke (sjoch: Eben-Haëzer (Suwâld)). De grifformearde tsjerke waard yn 2000 ferkocht nei't de grifformearden en herfoarmen tegearre gyngen en docht tsjintwurdich tsjinst as wenhûs. Yn it ramt fan de foarming fan in PKN-gemeente krige de herfoarme tsjerke de namme fan foar de reformaasje werom.
Skoalle thumb|260px|Skoalle Bernemienskip De Triangel (Prot.-kristlik)
Ferienings Biljertklub Keu's genoeg Muzykferiening 'Speelt wel' Oranjeferiening Suwâld Skaak- en damklub Gezellig Samen zijn Shantykoar Pypkesjongers Sportferienings Suwâld: gymnastykferiening, follybalferiening, fuotbalferiening Suwâld Toanielselskip Suwâld 'Kom mar Op'
Befolkingsferrin Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2006 2015 2020 Ynwenners 672 613 616 589 544 622 663 638
Berne Petrus Overney (1636-1711), klokkejitter Douwe Algra (1900-1975), fersetsman
Strjitten thumb|260px|Suderein Alde Lunewei, Aldemiede, Daniel Bouweswei, De Warren, Ds Oosterhuisstrjitte, Ds Pelstrjitte, Heechhiem, Louwsmarwei, Monnikenwei, Mostermûne, Noarderein, Symen Halbeswei, Suderein, Tsjerkebuert.
Sjoch ek Fryske doarpen.
Kategory:Doarp of stêd yn Tytsjerksteradiel