Sint-Anne of St.-Anne (Frysk en Biltsk) is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Sint-Anne leit noardlik fan Berltsum, eastlik fan Sint-Jabik, westlik fan Froubuorren en besuden Nij Altena. De doarpskearn leit om de krúsing fan de Steatenwei, Steedhâlderswei, Van Harenstrjitte en Warmoesstrjitte.

De buorskippen Stêd-Niks en De Oasthoek (lyts diel) hearre ek by Sint-Anne. Earder hearde Nij Altena ek by Sint-Anne, mar dat is sûnt 2006 in selsstannich doarp.

Sint-Anne hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.

Skiednis Sint-Anne waard stifte doe't It Bilt yn 1505 bedike waard. De earste namme dy't it doarp krige fan de earste bewenners wie "Altoenae", ferneamd nei it plak dêr't de nije bewenners wei kamen. It buorskip Nij Altoenea benoarden Sint-Anne referearret noch oan de oarspronklik brûkte namme fan it haaddoarp. Altoenea foarme mei de doarpen der omhinne katolike parochy's, wêrtroch't de nammen dêrfan al gau oergienen op de doarpen. "Altoenea" is úteinlik ferneamd nei de hillige Anna, de mem fan Marije en krige de namme "Sint-Annaparochy".

It doarp krige in houten tsjerke mei in tek fan strie. It bisdom wegere fanwege de brekfalligens fan it gebou de tsjerke yn te wijen en it houten gebou waard ferfongen troch in tsjerke dy't nei alle gedachten de foarm hie fan in gryksk krús. Yn dy tsjerke troude Rembrandt van Rijn yn 1634 mei Saakje fan Uylenburg. As oantinken dêroan stiet by de tsjerke in brûnzen byld.

Sûnt 2018 leit Sint-Anne yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente It Bilt. Sint-Anne hat altyd it haadplak west fan It Bilt.

Van Harenstsjerke thumb|left|Van Harentsjerke

Yn 1682 waard de foargonger ferfongen troch in achthoekige tsjerke, de Van Harenstsjerke. Efter de tsjerke slút de grêfkapel (1688) fan de famylje Van Haren oan. De koperen doarren nei de grêfkapel binne in geskink fan de Sweedske kening Karel X Gustaaf. De yn 1700 setten, ryk fersierde preekstoel fan houtsnijwurk komt út Dútslân.

It oargel is yn 1727 boud troch de Dútser Johannes Radeker, fan Danzig, en wie learling en masterfeint fan ûnder oaren Arp Schnitger en Christiaan Müller. De lêste boude it oargel yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert en it oargel yn de Haarlimse Grutte of Sint-Bavotsjerke. It Radekeroargel is skonken troch Willem van Haren (dêr't it Museum Willem van Haren op It Hearrenfean nei ferneamd is) en frouwe Rixt van Andrea.

Mienskip thumb|260px|Middelwei-West 160 It multyfunksjoneel sintrum fan Sint-Anne hjit 'Ons Huis'. De doarpskrante hjit 'De Pot en Pan van Sint-An'. Sûnt 2017 wurdt alle jierren op in sneon yn septimber yn it doarpssintrum fan Sint-Anne it muzykfestival Waadrock holden. De Biltske Slach is it sportsintrum fan Sint-Anne. Ynwenners fan Sint-Anne wurdt tradisjoneel foar rapekoppen útmakke.List mei skelnammen, útjûn troch de AFUK yn de jierren 1980 mei ferwizing nei in jierboekje fan de Fryske Akademy, skreaun fan Ph.H. Breuker.

Tsjerken thumb|260px|Gideontsjerke Van Harenstsjerke (Protestantske gemeente Sint-Anne). Gideontsjerke (Protestantske gemeente Sint-Anne). Ferrizenis fan de Heartsjerke (Roomsk-katolike Hillige Jakobus Parochy Noardwest Fryslân)

Skoallen Kristlike Skoallemienskip Ulbe van Houten. Iepenbiere Skoallemienskip Piter Jelles Prot.-kristlike basisskoalle De Slotskoalle. Iepenbiere basisskoalle 't Fonnemint. thumb|260px|Pleats Middelwei-East 157 Befolkingsferrin Jier 1744 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2013 Ynwenners 1137 2.421 3756 3697 3879 2448 2316 3990 4006 Jier 2015 2020 Ynwenners 3971 4892 (Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.) Ferienings Biltske Tennis Klub Follybalferiening VoVeSa Fûgelwacht It Alde Bilt Fuotbalferiening Sint-Anne Fryske Hânbalkombinaasje(fúzje-organisaasje fan SGK47 en HV Stiens) Hynstesportferiening De Molenruiters Keatsferiening Drie spul is út Kristlik Biltsk Manljuskoar Shantykoar De Bútsoekers Skeelerferiening Slykrôlers Swimferiening De Skelp

Berne yn Sint-Anne Binse Albarda (1796–1862), liberaal politikus Danjel Hermannus Beucker Andreae (1772-1828), jurist. Johannes Potter van Loon (1800), abbekaat Jacobus van Loon (1821-1903), Frysk strider Imilius van Andringa de Kempenaer (1844-1895), boargemaster Johannes Kuiken (1860-1936), foaroanman kiesrjochtbeweging Hartman Sannes (1890), histoarikus Dirk Boonstra (1893-1944), fersetsman Tjebbe Walburg (1913), politikus Sjoerd Andringa (1921-2017), fotograaf Jasper Keizer (1931), publisist Klaas Dankert (1942-), PvdA-politikus Reitze Ketellapper (1944–2015), politikus Gerrit Krol (1945-), CDA-politikus. Klaas Tuinstra (1945-2022), CDA-politikus Flip Soolsma (1947), keatser Anita Andriesen (1957–2008), PvdA-politikus Marieke Swart (1994-), sjongster Ferskaat It rymke ""Een pot en een pan is het wapen van Sint-An" hat de basis west fan it doarpswapen. Ek waard it famyljewapen fan Van Haren, de eardere grytman deryn ferwurke. Ynfrastruktuer

Bustsjinst Troch Sint-Anne rinne de folgjende buslinen:

Line 70: Minnertsgea - Ljouwert fia Sint-Anne Line 72: Sint-Anne - Ljouwert fia Stiens Line 73: Sint-Anne - Ljouwert fia Stiens

De buslinen troch Sint-Anne wurde fersoarge troch Qbuzz.

Strjitten thumb|260px|Stedhâlderswei Alle strjitten yn Sint-Anne. Sjoch ek Fryske doarpen. Keppeling om utens Pleatslik Belang Sint-Anne

Kategory:Doarp of stêd yn De Waadhoeke Kategory:Plak stifte yn 1505 Kategory:Doarp of stêd op It Bilt