Tytsjerk is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel, west fan Hurdegaryp, sawat 9 kilometer east fan Ljouwert. It spoar Ljouwert - Grins ferdielt dit yn âld en nij Tytsjerk. De buorskip Lytse Geast falt ek ûnder Tytsjerk.
Tytsjerk hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners. Skiednis Tytsjerk hat in doarp fan boeren en fiskers west. Oan de seine en skepnet fan it doarpswapen is soks noch te sjen. Yn de flagge binne beide foarwerpen twa krusende banen.
Yn de midsiuwen hiet it doarp Thiakerka of Tiakerka. Soks soe wize kinne op in hillige mei de namme Thialdus, Titus, Thialda of Titia. Mooglik hat it earder it haadplak fan de gritenij west, de namme Tytsjerksteradiel wiist dêr op.
Ut de fûneminten kin ôflaat wurde dat it tsjerke der tusken 1200 en 1300 al stien hat. Yn in tsjerklike oarkonde wurdt it plak yn 1328 neamd. Yn 1720 binne de fûneminten lein foar it hjoeddeiske tsjerke. De tsjerkeklok út 1608 hat yn 'e Twadde Wrâldoarloch nei Dútslân west, mar is werom komd. Dy hat eartiids oan in klokkestoel hong, mar hinget no al wer twa iuwen yn de tsjerketoer.
Bosk fan Ypey left|thumb|250px|Grut Vijversburg Tichtby it doarp leit park Vijversburg, ek bekend as de bosk fan Ypey. Dy wie eartiids yn besit fan de begoedige famyljes Looxma en Ypey, letter waard it eigendom fan de Stichting op Toutenburch. It park is oanlein troch Roodbaard. Der wurde geregeld tentoanstellings holden. It is de bedoeling om der in grut keunstpark fan te meitsjen. Op 18 maart 2005 waard de nije tagongspoarte iepene. Omdat it park doe ek fergrutte waard, hjit in no Grut Vijversburg. It park hat in fraaie teekoepel. De beammen fan it park wurde brûkt troch in grut tal pearkes earrebarren om harren nêst yn te bouwen. Yn 2021 waarden der sa'n 20 nêsten teld. Dêrnjonken briede yn de beammen likernôch 20 pearkes ielreagers.FB Side Ooievaars.nl, 17 april 2021
It park grinzet westlik oan it natoer- en rekreaasjegebiet De Griene Stjer. Dêr stiet de Himriksmole, in spinnekopmole.
Mienskip thumb|260px|Doarpshûs Yn 'e Mande It doarpshûs 'Yn 'e Mande' bestiet sûnt 1974. Der is in Feriening foar Doarpsbelangen en it doarpskrantsje hjit 'Yn 'e Line'. De feestkommisje en de rekreaasjeferiening binne ynsteld foar de aktiviteiten. Sûnt 23 april 2005 is der in skatebaan foar de jongerein. Tytsjerksters wurde ek 'skieppekoppen' neamd.
Tsjerke
PKN-gemeente Tytsjerk
Skoalle Yn 2018 binne de iepenbiere Master Fennemaskoalle en de prot.-kristlike basisskoalle It Lemieren gearfoege ta de Moetingsskoalle De Romte. Pjutten út Tytsjerk en Suwâld kinne nei it opfangplak Trije Turven Heech.
Befolkingsferrin Jier 1900 1910 1940 1954 1959 1964 1969 1974 Ynwenners 761 828 902 829 786 954 1.255 1.435 Jier 2004 2008 2015 2020 Ynwenners 1.400 1.539 1.574 1.614
Ferienings Fûgelwacht Tytsjerk Fuotbalferiening Ryptsjerk Kaartklub Us Nocht Keatsferiening De Wâldklappers Koar De Lofsang Kuorbalferiening De Walden Sportferiening Tytsjerk (follybal en badminton) Judoferiening
Tradysje Om't Tytsjerk earder in tramhalte hie, hawwe de lettere treinmaatskippijen de tradysje yntakt holden dat Sinteklaas mei de trein nei Tytsjerk komt. Dêrfoar hâldt de trein alle jierren ienkear stil by de eardere halte njonken de oerwei.
Ynfrastruktuer
Provinsjale wei By Tytsjerk rinne de N355 en de N361.
Bustsjinst Troch Tytsjerk rinne de folgjende buslinen:
Line 13: Ljouwert - Drachten fia Surhústerfean Line 21: Ljouwert - Drachten fia Burgum Line 51: Lauwerseach - Ljouwert fia Dokkum Line 62: Bûtenpost - Ljouwert fia Kollum en Feanwâlden Line 151: Dokkum - Ljouwert fia Driezum
De buslinen troch Tytsjerk wurde fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten thumb|260px|Swarte Prins 't Herberchsfintsje, Alddiel, Aldemiede, Altenburgerwei, Boskloane, Buorren, De Jister, Elzekamp, Hanenburch, Jachtfjild, Klaverkamp, Lytsegeast, Noarderein, Reidfjild, Ryksstrjitwei, Rustenburgerwei, Singel, Suderein, Suwâldsterdyk, Symen Halbeswei, Simmerwei, Swarteweisein, Toutenburchleane, Woelwyk, Wylgekamp.
Sjoch ek Fryske doarpen.
Keppeling om utens Webstee Feriening foar Doarpsbelangen Tytsjerk Stifting Vijversburg Webstee Lytse Geast
Kategory:Trynwâlden Kategory:Doarp of stêd yn Tytsjerksteradiel