Wyns is in doarp oan de Dokkumer Ie en De Moark yn it noardwesten fan de gemeente Tytsjerksteradiel. De buorskippen Bartlehiem en Tergrêft (foar in part) falle ûnder Wyns.
Wyns hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners. Skiednis De delsetting Weninge waard yn 949 foar it earst neamd yn it register fan abt Hadamar fan it Dútske kleaster Fulda. De oan de hillige Fitus wijde tsjerke datearret út likernôch 1200. Wyns wie yn de midsiuwen in foaroansteand plak trochdat der rjocht sprutsen waard foar Eastergoa. Ek de grytmannen kamen wol gear yn it tsjerkje.
Mienskip De doarpskrante hjit 'De Wynzer Krante', De Fitustsjerke is tsjintwurdich it multyfunksjonele sintrum fan it doarp.
Tsjerke
PKN-gemeente Trynwâlden
Skoalle De iepenbiere basisskoalle fan Wyns waard yn 2008 sletten. Op it lêst hie de skoalle noch mar 12 bern.Wâldnet, 1 septimber 2008 Befolkingsferrin Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2006 2015 2020 Ynwenners 184 178 164 143 149 190 220 225
Ferskaat By Wyns is in oerset oer de Ie. Op it eardere skoalplein stiet in keunstwurk út 1979 fan David van Kampen dat de skiednis fan it doarp útbyldet. Noardeast fan it doarp stiet de Wynzermûne út 1871.
Strjitten It doarp hat fierder gjin strjitnammen, allinne nûmers.
Sjoch ek Fryske doarpen
Ofbylden
Keppeling om utens Wynzer tsjerkje
Kategory:Trynwâlden Kategory:Doarp of stêd yn Tytsjerksteradiel