Behrendorf (Noardfrysk: Bjarntoorp, Deensk: Bjerndrup of Bjerrup) is in plak en gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Viöl en hat 574 ynwenners (2024).
Behrendorf is in agraryske gemeente. Njonken de feehâlderij spilet ek de hynstefok in wichtige rol. Yn 'e gemeente binne bekende fokkers fan it Holsteiner hynsteras. It doarp stiet regionaal bekend as in sintrum foar de hynstesport.
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein