Bondelum (Noardfrysk: Bonlem, Nederdútsk: Bonnelum; Deensk: Bondelum) is in plak en gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Viöl en hat 182 ynwenners (2024).
De plaknamme is foar it earst yn 1352 dokumintearre en betsjut soksawat as 'ferheging fan in boer' of 'ferheging fan Bondi', fan it Deenske bonde foar boer of de ropnamme Bondi, en holm foar in ferheging. It efterheaksel -holm hat him, lykas by oare plaknammen, fierder ûntwikkele ta -lum.
Op 1 april 1934 waard Bondelum in selsstannige gemeente.
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934