Borgsum (Noardfrysk: Borigsem) is in plak en gemeente op it eilân Feer yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. Borgsum makket diel út fan it amt Föhr-Amrum. De gemeente hie 602 ynwenners yn 2010 en noch mar 315 yn 2024.
Skiednis thumb|left|Lembecksburg. De plaknamme betsjut 'delsetting by it kastiel'. Dat ferwiist nei it kastiel Lembecksburg, in 10 meter hege ringmuorre mei in diameter fan 95 meter, dy't yn 'e 9e iuw oanlein waard as beskerming tsjin 'e Wytsingen. De fêsting is ferneamd nei ridder Klaus Lembeck, dy't hjir yn 'e 14e iuw wenne hawwe soe as gûverneur fan 'e Deenske kening Waldemar IV. Neidat er syn eed fan trou brutsen hie, soe er dêr belegere wêze troch it leger fan 'e kening. Neffens oare ferslaggen hat Lembeck lykwols nea in foet op it eilân set. Borgsum waard foar it earst neamd yn in dokumint út 1462 Schleswig-Holstein-Topographie. Bd. 2: Boren - Ellerau. Flying-Kiwi-Verl. Junge, Flensburg 2002, ISBN 978-3-926055-68-2, s. 12 (dnb.de [sjoen 12 juny 2020]) .
Toerisme en ekonomy thumb|left|Wynmûne. De gemeente is agrarysk en toeristysk. Der binne ek in pear ambachtlike bedriuwen. Borigsem hat de iennige bowlingbaan op it eilân.
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934