Bredstedt (Noardfrysk: Bräist; Deensk: Bredsted) is in stêd yn Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De stêd leit oan 'e autodyk B5 besuden de Stolberch (Dútsk: Stollberg), ien fan 'e heechste punten fan 'e Noard-Fryske fêstewâl, en likernôch 16 kilometer noardlik fan Husum.
Skiednis Bredstedt betsjut 'breed plak' en waard foar it earst yn it Grûnboek fan Waldemar út 1231 neamd.
Oant en mei de 15e iuw lei Bredstedt oan 'e Waadsee. Dêrnei is westlik fan it plak poldere, sadat Bredstedt hjoed-de-dei fiif kilometer ynlânsk leit. Yn 1530 krige Bredstedt de status fan flekke mei merkrjocht.
Oant 1864 lei Bredstedt yn Denemark, yn 'e Sleeswykske gritenij Noardergoesharde (Deensk: Nørre Gøs Herred), yn it syssel Istathe (of Istedsyssel). Bredstedt waard yn 1699 en 1858 troch grutte brannen troffen. Earst yn 1900 krige it plak offisjeel stedsrjochten.
Kulturele ynstellings thumb|left|Osterstraße. It Nordfriisk Instituut yn Bredsted is it wittenskiplik sintrum dêr't ûndersyk dien wurdt nei de Noardfryske taal, kultuer en skiednis. Yn it ynstitút is in mânske bibleteek ûnderbrocht mei sawol Fryske wurken as ek wurken oer de Deenske en Sorbyske skiednis en kultuer. Yn 'e stedsbiblioteek is in ôfdieling mei Deenske boeken dy't ûnderhâlden wurdt troch de Deenske Sintrale Bibleteek foar Súdsleeswyk (Dútsk: Dänische Zentralbibliothek für Südschleswig).
It Friisk hüs is in hûs yn it sintrum fan Bredsted dêr't de Friisk Foriining, de Noardfryske Feriening, en de seksje noard fan 'e Fryske Rie kantoar hâlde. It Friisk hüs is fêstige yn it âldste gebou fan 'e stêd.
Ferneamde ynwenners Christian Albrecht Jensen (1792–1870), keunstner Christian Carl Magnussen (1821–1896), Maler der Friesen Thomas Steensen (* 1951), skriuwer en direkteur fan it Nordfriisk Instituut
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein