Bohmstedt (Noardfrysk: Bååmst, Nederdútsk: Boomsteed, Deensk: Bomsted) is in plak en gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Mittleres Nordfriesland en hat 820 ynwenners (2024).

De plaknamme waard foar it earst yn 'e 15e iuw skriftlik dokumintearre en betsjut sa't it liket 'stee fan 'e beam', fan it Aldfryske bam. Hoewol't it oan 'e westrâne fan it oarspronklik Deenske taalgebiet yn 'e Goesharde leit, is der hjir nei alle gedachten sprake fan in Fryske plaknamme.

It foar it grutste part agraryske Bohmstedt waard op 1 april 1934 in selstannige gemeente.

Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934