Aventoft (Noardfrysk: Oowentoft; Deensk: Aventoft) is in plak en gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Südtondern. De gemeente leit oan 'e grins mei Denemark en hat 409 ynwenners (2024).

Noardlik fan it doarp rint it Deenske rivierke de Vidå (Dútsk: Wiedau, Noardfrysk: Widuu) dy't noardlik fan Aventoft de grins foarmet met Denemark. De gemeente leit ek oan 'e râne fan it bekende natoergebiet Rickelsbüller Koog en tichteby, op Deensk grûngebiet, Margrethe-Kog.

Tsjerke thumb|left|Tsjerke fan Aventoft. Yn 'e 13e-iuwske tsjerke fan Aventoft wurde noch in pear midsiuwske keunstwurken bewarre: in krusigingsretabel (1510-1520), in Marijeretabel út deselde tiid, in Margaretaretabel út 'e ein fan 'e 15e iuw en in triomfkrús fan 1510. De toer is neoromaansk en waard yn 1911 boud.

Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein