thumb|William Makepeace Thackeray William Makepeace Thackeray (Kalkutta, 18 july 1811 – Londen, 24 desimber 1863) wie in Ingelsk romanskriuwer. Hyn stamme út in amtnersfamylje yn Yndia, mar ferfear doe't er 16 jier wie nei Ingelân om yn Cambridge te studearjen.
Thackeray hâlde in tal jierren op it Europeeske fêstelân ta, meast yn Parys, dêr't er niget krige oan de skilderkeunst. Yn 1833 rekke er syn fortún kwyt en moast syn talint foar sjoernalistyk brûke om troch de tiid te kommen. Under in ferskaat oan pseudonimen wurke er mei oan tydskriften sa as Fraser's Magazine en Punch.
"The Book of Snobs" út 1846 makke him ferneamd as satirikus fan de hypokrisy fan de Ingelske mienskip. De trochbraak as romanskriuwer kaam mei de publikaasje fan Vanity Fair, in roman yn ôfleverings dy't yn 1848 as boek ferskynde. In jier letter kaam The History of Pendennis út, foar it grutstepart in autobiografyske sedeskets fan de legere adel (gentry).
In protte lju beskôgje The History of Henry Esmond as syn masterwurk; it is in histoaryske roman út 1852 dy't spilet ûnder it regear fan keninginne Anna. Dêrnei folgen noch: The Newcomers (1853-1855), The Virginians (1857), Lovel the Widower (1860) en The Adventures of Philip en Denis Duval (1862).
Thackeray wie net allinne romanskriuwer, mar ek sjoernalist, karikaturist, kritikus en histoarikus. Hy wie in realist dy't alles om him hinne sekuer waarnaam. Fergelike mei Charles Dickens, dy't in humorist en optimist wie, wie hy foaral in skeptikus en pessimist mei in feninige fûle koartswyl fol fan sarkasme.
Húshâlding William Makepeace Thackera] en syn wiif Isabella Gethin Shawe (1816–1893) krigen trije dochters: Anne Isabella Thackeray, dy't ek skriuwster wurde soe en yn 1877 troude mei har neef Richmond Ritchie; Jane (1839) stoar doe't hja acht moannen wie en Harriet Marian (1840–1875), dy't boaske oan Leslie Stephen yn 1869.
Wurk thumb|Karikatuer fan Thackeray troch himsels makke thumb|Titelside fan Vanity Fair, tekene troch Thackeray The Yellowplush Papers (1837) – ISBN 0-8095-9676-8 Catherine (1839–40) – ISBN 1-4065-0055-0 A Shabby Genteel Story (1840) – ISBN 1-4101-0509-1 The Irish Sketchbook (1843) – ISBN 0-86299-754-2 The Luck of Barry Lyndon (1844), ferfilme as Barry Lyndon troch Stanley Kubrick – ISBN 0-19-283628-5 Notes of a Journey from Cornhill to Grand Cairo (1846), ûnder de namme Mr M.A. Titmarsh. The Book of Snobs (1848), dat de term snob populêr makke - ISBN 0-8095-9672-5 Vanity Fair (1848) – ISBN 0-14-062085-0 Pendennis (1848–1850) – ISBN 1-4043-8659-9 Rebecca and Rowena (1850), in parody op Ivanhoe – ISBN 1-84391-018-7 The Paris Sketchbook (1840), Men's Wives (1852) The History of Henry Esmond (1852) – ISBN 0-14-143916-5 The Newcomes (1855) – ISBN 0-460-87495-0 The Rose and the Ring (1855) – ISBN 1-4043-2741-X The Virginians (1857–1859) – ISBN 1-4142-3952-1 The Adventures of Philip (1862) – ISBN 1-4101-0510-5 Roundabout Papers (1863) Denis Duval (1864) – ISBN 1-4191-1561-8 Sketches and Travels in London Stray Papers: Being Stories, Reviews, Verses, and Sketches (1821-1847)Literary EssaysEnglish HumouristsFour GeorgesLovel the WidowerBalladsChristmas BooksSamuel TitmarshMiscellaniesStoriesThe Memoirs of Barry Lyndon EsqBurlesquesIrish Sketchbook volume 2Character SketchesCritical ReviewsSecond Funeral of Napoleon''
Keppeling om utens Biografy en bibliografy
Kategory:Ingelsk romanskriuwer Kategory:Ingelsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Ingelsk essayist Kategory:Ingelsk publisist Kategory:Persoan berne yn 1811 Kategory:Persoan stoarn yn 1863