De Filenspolder is in greidefûgelreservaat besuden Wytmarsum. Op de krûdenrike greiden briede greidefûgels as ljip, skries, tsjirk en strânljip. Benammen de skriezen briede hjir in soad, yn 2011 sieten der wol 76 pearkes. Om de briedfûgels net te steuren meant Natuermonuminten de lannen ein juny, pas neidat alle piken it gebiet ferlitten hawwe. Nei de earste kear meanen rinne der kij en skiep op it lân.

De polder is neamd nei de eardere buorskip Filens.

Kategory:Natoergebiet yn Fryslân Kategory:Wytmarsum Kategory:Geografy fan Wûnseradiel Kategory:Geografy fan Súdwest-Fryslân