De Westerhitsumerbosk is in natoergebiet fan Natuermonuminten yn De Waadhoeke, foarhinne Frjentsjerteradiel. It is in âlde fruithôvinge mei greiden der omhinne. Om 1990 binne hjir iken, esken, iperenbeammen en wylgen plante dêr't de ielreager nêsten bouwe kin. Yn 2004 sieten der wol 130 briedpearen. Oare fûgels yn de bosk binnede reade wikel (toerfalk) en de glee (mûzefalk). Fierders libje hjir hazzen en harmelings. De bosk is it moaist yn de maitiid, as de fruitbeammen bloeie.

Kategory:Natoergebiet yn Fryslân Kategory:Bosk yn Fryslân Kategory:Hitsum Kategory:Geografy fan Frjentsjerteradiel (oant 1984) Kategory:Geografy fan Frjentsjerteradiel Kategory:Geografy fan De Waadhoeke