thumb|De Peel yn 'e brân thumb|Hazzebrulloft thumb|Einen en ko Pieter Verstappen (Meijel, 1952) is in Limburchske natoerskilder en -keunstner út Meijel. Skilderet al sûnt 1985 allinnich natoerûnderwerpen. Yn syn wurk stiet leafde foar de natoer sintraal en dan benammen de stimmingen fan it gebiet De Peel dêr't er hikke en tein is. Yn syn mearsidich realistyske wurk ( ûnder oare akwarel, oalje, akryl en brûnzen skulptueren) krijt de rike floara en fauna fan de Peel omtinken. Allegeduerigen siket er yn syn wurk nei it wêzen fan de bisten. Hy wol net allinnich harren uterlike skaaimerken, mar ek it karakter en harren gedrach fêstlizze.
Neist syn realistyske wurk makket er de lêste jierren in stap nei it frije wurk.
Tentoanstellings (kar-út) 2012 - Galery Kesk-Art , Warkum 2011 - Birds in Art, Wausau-USA 2010 - 'Puur Natuur 3' Galery de Bibliotheek, Zelhem 2009 - Kunst op de Berg museum Holterberg yn Holten 2008 - Van Veen & Vendelbosch 2007 - Besikerssintrum Mijl op Zeven, Ospel 2006 - dielname Birds in Art, Wausau-USA 2005 - Open-Poorten-Dag, Buggenum 2004 - "Focus on Nature" yn de eigen Wildlife Art Galery te Meijel. 2003 - priiswinner CIC
Publikaasjes Best of Wildlife Art - Northlight Books USA Magazine Buiten Januari - Elsevier Mystik des Moores - Wild und Hund Magazine Nederlandse Jager
Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Limburchsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1952