De Suderfinnenspolder is in natoergebiet fan 'Natuermonuminten' yn Gaasterlân.
Yn dit heuveleftige, agraryske gebiet wurdt biologysk buorke. Troch gjin keunstdong te brûken steane der ikkerkrûden as roggeblom en frjemd rûkersgers. Yn de wiete greiden sitte in soad ynsekten en ljip en skries komme in soad foar. De boeren meane pas as de jonge greidefûgels útflein binne en de bloemsiedden har ferspraat hawwe.
Kategory:Natoergebiet yn Fryslân Kategory:Gaasterlân Kategory:Polder yn Fryslân Kategory:Geografy fan Gaasterlân (gemeente) Kategory:Geografy fan Gaasterlân-Sleat Kategory:Geografy fan De Fryske Marren