21 maart is de earste dei fan 'e maityd. Foarfallen 717 - Karel Martel ferslacht de Neustriërs by Kameryk yn 'e Slach by Vinchy, en makket him op om it hofmeierskip fan Austraasje op te easkjen fan Plektrudis, de widdo fan syn heit. 1098 - Yn Cîteaux, yn Frankryk, wurdt de kleasteroarder fan 'e Sistersjinzers oprjochte troch Robert fan Molesme. 1413 - Hindrik V folget syn heit op as kening fan Ingelân. 1857 - By in ierdbeving by Tokio, yn Japan, komme mear as 100.000 minsken om. 1907 - Grut-Brittanje wiist foarstellen ôf foar in tunnel ûnder it Kanaal troch, omreden fan it gefaar fan in ynvaazje. 1919 - Oprjochting fan it Bauhaus yn Weimar, troch Walter Gropius. 1935 - Perzje wurdt omnamme ta Iran. 1942 - Elemint nûmer 94 kriget de namme plutonium. 1990 - Namybje wurdt ûnôfhinklik fan Súd-Afrika. 2009 - It ôfskiedskonsert fan Pigmeat.

Berne 1527 - karfoarst Maurits fan Saksen († 1553) 1527 - Hermann Finck, Dútsk komponist († 1558) 1685 - Johann Sebastian Bach, Dútsk komponist († 1750) 1745 - Egbert fan Burmania Rengers, Frysk politikus en bestjoerder († 1806) 1768 - Joseph Fourier, Frânsk wis- en natuerkundige († 1830) 1806 - Benito Juárez, presidint fan Meksiko († 1872) 1899 - Ladislav Vácha, Tsjechysk turner († 1943) 1902 - Son House, Amerikaansk sjonger en gitarist († 1988) 1904 - Bernard Schmetz, Frânsk skermer († 1966) 1913 - Sabiha Gökçen, Turksk gefjochtspiloat († 2001) 1913 - Durk Beeksma, Frysk âlvestêderider († 2012) 1925 - Hugo Koblet, Switsersk hurdfytser († 1964) 1930 - Jos van Manen Pieters, Nederlânsk skriuwster († 2015) 1938 - Klaas Hoekstra, Frysk oersetter († 2012) 1944 - Cox Habbema, Nederlânsk aktrise, teäterregisseur en earder skouboarchdirekteur († 2016) 1960 - Ayrton Senna, Brazyljaansk autokoereur († 1994) 1964 - Douwe Heeringa, Frysk sjonger en programmamakker 1970 - Prince Yahshua, Amerikaansk pornoakteur 1977 - Laïla Abid, Marokkaansk-Nederlânsk nijslêzeresse 1987 - Geart Tigchelaar, Frysk skriuwer en oersetter 1991 - Antoine Griezmann, Frânsk fuotballer

Ferstoarn 1076 - hartoch Robert I fan Boergonje (* 1011) 1201 - Absalon, Deensk aartsbiskop en steatsman (* 1128) 1405 - grevinne Margareta III fan Flaanderen, Arteezje, Boergonje, Nevers en Rethel (* 1350) 1657 - Willem IJsbrantsz. Bontekoe Nederlânske keapman en seekaptein (* 1587) 1795 - Giovanni Arduino, Italjaansk geolooch (* 1714) 1857 - Abraham Jacob van der Aa, Nederlânsk letterkundige en publisist (* 1792) 1890 - George Crook, Amerikaansk generaal (* 1828) 1906 - Carl von Siemens, Dútsk ûndernimmer (* 1829) 1937 - Sayed Jaffar, Britsk-Yndysk hockeyer (* 1911) 1982 - Wytse Hoekstra, Frysk politikus (* 1907) 1996 - Cornelis Jongsma, Frysk dichter (* 1921) 2007 - Klaas Sierksma, Frysk heraldikus (* 1918) 2013 - Wytse Vlietstra, Frysk keatser en ûndernimmer (* 1930) 2016 - Pé Miedema, Frysk bestjoerder (* 1942) 2017 - Colin Dexter, Ingelsk skriuwer (* 1930) 2025 - George Foreman, Amerikaansk bokser (* 1949)

Kategory:Datum 21