Foarfallen 1491 - Fetkeapers brâne de stins fan de Sjaerdas yn Toppenhuzen plat. 1621 - Hugo de Groot wit yn in boekekiste te ûntsnappen út syn finzenskip yn slot Loevestein. 1888 - Under feanarbeiders yn Appelskea brekt in grutte staking út; begjin fan de organisearre stakingen yn Nederlân. 1933 - Presidint Roosevelt ûnthjit in ein ein te meitsjen oan de (mislearre) Drûchlizzing yn de Feriene Steaten. 1945 - Yn Kairo wurdt de Arabyske Liga stifte. 1946 - Jordaanje wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 1962 - De telefoansintrale fan Warffum wurdt as lêste oansluten op it Nederlânske automatisearre net 1977 - It Kabinet-Den Uyl falt. 1994 - It lêste Nederlânske ljochtskip wurdt ferfongen troch in boei. 1995 - Kosmonaut Valery Polyakov komt nei in rekôrferbliuw fan 438 dagen yn de romte werom op de Ierde.

Berne 1459 - keizer Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk († 1519) 1599 - Antoon van Dyck, Flaamsk keunstskilder († 1641) 1645 - Hidde Sjoerds de Vries, Frysk marine-ofsier († 1694) 1797 - keizer Willem I fan Dútslân († 1888) 1824 - Jan Bogtstra, Frysk ûndernimmer en politikus († 1916) 1887 - Chico Marx, Amerikaansk komyk en akteur († 1961) 1932 - Els Borst, Nederlânsk politika († 2014) 1941 - Bruno Ganz, Switsersk akteur († 2019) 1942 - Fred Vaassen, Nederlânsk akteur († 2018) 1946 - Max van den Berg, Nederlânsk politikus 1946 - Martha van Wichen-Schol, Frysk wurdboekgearstalster en dichteresse († 2004) 1952 - Marijke Geertsma, Frysk aktrise 1963 - John Ringo, Amerikaansk skriuwer 1975 - Sandra Dark, Litousk pornoaktrise 1977 - Giovanca, Nederlânsk sjongster 1996 - Jonas Dassler, Dútsk akteur

Ferstoarn 1322 - Eelko Liaukama, Frysk abt (* ±1260) 1832 - Johann Wolfgang von Goethe, Dútsk skriuwer (* 1749) 1839 - Oluf Braren, Noardfrysk keunstskilder (* 1787) 1858 - Eeltsje Hiddes Halbertsma, Frysk skriuwer en dokter (* 1797) 1924 - Robert Nivelle, Frânsk generaal (* 1856) 1945 - Takeichi Nishi, Japansk hynstesporter (* 1902) 1974 - Ulbe van Houten, Frysk skriuwer (* 1904) 1977 - Annie Catharina Kleefstra, Frysk ynstitútdirekteur (* 1884) 2001 - Sabiha Gökçen, Turksk gefjochtspiloat (* 1913) 2005 - Jan Dijkstra, Frysk metaalwurker (* 1928) 2011 - Hans Boskamp, Nederlânsk fuotballer en akteur (* 1932) 2016 - Rob Ford, Kanadeesk politikus (* 1969) 2019 - Frans Andriessen, Nederlânsk politikus (* 1929)

Kategory:Datum 22