Foarfallen 1482 - Marije de Rike, hartoginne fan Boergonje en frouwe fan 'e Nederlannen, falt fan har hynder en ferstjert yn Flaanderen, by it kastiel fan Wijnendale. 1603 - Mei de kroaning fan kening Jakobus VI fan Skotlân ta kening fan Ingelân ûntstiet der in personele uny tusken it Keninkryk Ingelân en it Keninkryk Skotlân. 1837 - De Britske koloanjes dy't letter Kanada foarmje sille, jouwe negroïde manlju it stimrjocht. 1882 - Robert Koch makket syn ûntdekking buorkundich fan 'e baktearje dy't de sykte tuberkuloaze feroarsaket. 1898 - It Fryske Bûn wurdt stifte. 1923 - Grikelân wurdt in republyk. 1999 - By in brân yn de Mont Blanc-tunnel komme 39 minsken om it libben.

Berne 1199 - greve Ferdinand fan Flaanderen († 1233) 1607 - Michiel de Ruyter, Nederlânsk seeheld en admiraal († 1676) 1763 - Sebald Justinus Brugmans, Frysk dokter, botanikus en heechlearaar († 1819) 1874 - Harry Houdini, Hongaarsk-Amerikaansk stuntman en boeienskening († 1926) 1891 - Charley Toorop, Nederlânsk keunstskilderesse († 1955) 1897 - Charles Eyck, Nederlânsk keunstskilder († 1983) 1897 - Theodora Kracaw Kroeber, Amerikaansk antropologe en folkekundige († 1979) 1901 - Ub Iwerks, Amerikaansk animator († 1971) 1911 - Joseph Phillips, Yndiaask hockeyer († 1987) 1916 - Jo Smit, Frysk skriuwer en sjoernalist († 1991) 1930 - Jack Kooistra, Frysk sjoernalist en nazy-jager († 2025) 1944 - R. Lee Ermey, Amerikaansk akteur († 2018) 1947 - Piet Hoekstra, Frysk hurdfytser 1950 - Minnie Two Shoes, Amerikaansk sjoernaliste en aktiviste († 2010) 1969 - Houston, Amerikaansk pornoaktrise 1973 - Daniëlle Overgaag, Nederlânsk hurdfytster en presintatrise 1977 - Mathilde Jansen, Nederlânsk taalkundige 1980 - Amanda Davies, Ingelsk presintatrise en sportferslachjouster 1983 - Laura Lion, Tsjechysk pornoaktrise 1985 - Charley Atwell, Ingelsk neakenmodel

Ferstoarn 1381 - Katarina fan Sweden, Sweedsk hillige (* 1331/1332) 1407 - hartoch Loadewyk I fan Orléans (* 1372) 1558 - Anna fan Bueren, Nederlânsk ealfrouwe (* 1533) 1603 - keninginne Elizabeth I fan Ingelân (* 1533) 1766 - Barthold Douma fan Burmania, Nederlânsk steatsman en ambassadeur (* 1695) 1795 - Tako Hajo Jelgersma, Frysk keunstskilder (* 1702) 1882 - Henry Wadsworth Longfellow, Amerikaansk dichter (* 1807) 1905 - Jules Verne, Frânsk skriuwer (* 1828) 1914 - Eelco Schaafsma, Frysk politikus (* 1858) 1971 - Arne Jacobsen, Deensk arsjitekt (* 1902) 2003 - Jan-Just Bos, Nederlânsk roeier, botanikus en presintator (* 1939) 2006 - Nanke Hartsuyker-Terpstra, Frysk politika (* 1941) 2006 - Anton Oud, Amelânsk wurdboekgearstaller en taalaktivist (* 1935) 2016 - Johan Cruijff, Nederlânsk fuotballer en fuotbaltrener (* 1947) 2016 - Garry Shandling, Amerikaansk komyk en akteur (* 1949) 2018 - Arnaud Beltrame, Frânsk militêr plysjeman (* 1973) 2020 - Albert Uderzo, Frânsk striptekener (* 1927) 2024 - Dennis Bouman, Nederlânsk rapper (* 1970)

Kategory:Datum 24