Foarfallen 1124 - Hindrik I fan it Ingelske leger ferslaat Normandyske opstannelingen by Bourgtheroulde. 1707 - Troch de Act of Union wurde Ingelân en Skotlân feriene ta ien ryk mei ien parlemint: Grut-Brittanje. 1744 - Karel van Lorreinen, sweager fan keizerinne Maria Theresia, yn namme al trije jier lânfâd fan de Súdlike Nederlannen, arrivearret einliks yn Brussel. 1851 - Yn it Panthéon yn Parys demonstrearet de Frânske wittenskipper Léon Foucault mei in slinger fan 67 meter dat de ierde draait.

Berne 605 - Pakal de Grutte, Maya-foarst fan Palenque († 683) 1866 - Cornelis Gerritsma, Frysk politikus († 1951) 1868 - kening Fûad I fan Egypte († 1936) 1903 - Romeo Neri, Italjaansk turner († 1961) 1904 - Jan Harm Kruis, Frysk feehâlder en fersetsstrider († 1945) 1904 - Joseph Campbell, Amerikaansk professor yn de mytology († 1987) 1911 - Tennessee Williams, Amerikaansk skriuwer († 1983) 1936 - Robert Drews, Amerikaansk histoarikus 1940 - Thom Mercuur, Frysk keunstsamler, konservator en museumdirekteur († 2016) 1941 - Johan de Jong, Frysk amateur-ornitolooch († 2022) 1946 - Jacques Vriens, Nederlânsk skriuwer 1946 - Ljûdmila Titova, Russysk reedrydster 1949 - Patrick Süskind, Dútsk skriuwer 1956 - Gene Bervoets, Flaamsk akteur 1958 - Sies Uilkema, Frysk hurdrider 1962 - Maarten de Jong, Nederlânsk fuotballer 1968 - Klasina Seinstra, Frysk hurdrydster 1984 - Sara Jean Underwood, Amerikaansk neakenmodel 1986 - Misty Stone, Amerikaansk pornoaktrise 1992 - Nina Agdal, Deensk fotomodel en mannekên

Ferstoarn 1072 - hartoch Ordulf fan Saksen (* 1022) 1130 - kening Sigurd I fan Noarwegen (* ±1090) 1657 - Jacob van Eyck, Nederlânsk musikus en komponist (* ±1590) 1814 - Joseph-Ignace Guillotin, Frânsk dokter en politikus (* 1738) 1827 - Ludwig van Beethoven, Dútsk komponist (* 1770) 1848 - Steen Steensen Blicher, Deensk skriuwer, dichter en predikant (* 1782) 1950 - Rinske Visscher, Frysk Publisist (* 1868) 1857 - Thomas Peters, earste persoan op 'e wrâld âlder as 110 jier (Frysk rekôrhâlder) (* 1745) 1923 - Sarah Bernhardt, Frânsk-Nederlânsk aktrise (* 1844) 1956 - François Jaffrennou, Bretonsk dichter en aktivist (* 1879) 1966 - Hilde Schrader, Dútsk swimster (* 1910) 1966 - Anthony Terlazzo, Amerikaansk gewichtheffer (* 1911) 2005 - James Callaghan, Premier fan it Feriene Keninkryk (* 1912) 2012 - Auke Bijlsma, Frysk politikus (* 1946) 2015 - Tomas Tranströmer, Sweedsk dichter en oersetter (* 1931) 2024 - Jerre Hakse, Frysk keunstner (* 1937) 2024 - Richard Serra, Amerikaansk keunstner (* 1938)

Kategory:Datum 26