Foarfallen 1043 - Edward de Belider wurdt ta kening fan Ingelân kroane. 1922 – Jozef Stalin wurdt de earste sekretaris-generaal fan de Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny. 1933 - De seppelin de Akron falt yn de Atlantyske Oseaan; 73 fan de 76 minsken oan board komme om. 1960 - Ein fan de monargy yn Kambodja, dizze wurdt wersteld yn 1993. 1966 - De Russyske Luna 10 bringt foar de earste kear in romtesonde yn in baan om de moanne. 1968 - Martin Luther King Jr. hâldt syn lêste taspraak. 1973 - Earste petear troch in mobile telefoan. 1975 - Bobby Fischer wegeret tsjin Anatoly Karpov te skaken, wêrtroch Karpov de titel Wrâldkampioen krijt. 1977 - De lannen fan de Benelúks en Frankryk gean foar it earst sûnt de Twadde Wrâldoarloch wer oer op de simmertiid. 1996 - USAF-flecht 21 stoart del by Dubrovnik, yn Kroaasje, mei oan board û.m. de Amerikaanske minister fan Hannel Ron Brown. Alle 35 ynsittenden komme om. 2007 - De TGV hellet in nij snelheidsrekord fan 574,8 km/h.
Berne 1245 - kening Filips III fan Frankryk (Filips de Stoute) († 1285) 1367 - kening Hindrik IV fan Ingelân († 1413) 1816 - Johan de Wal, Frysk heechlearaar yn de rjochtsgeleardheid († 1892) 1852 - Sieger Baukema, Frysk keunstskilder († 1936) 1860 - Frederik van Eeden, Nederlânsk skriuwer († 1932) 1885 - Boris Andrejevitsj Vilkitski, Russysk hydrograaf en ûntdekkingsreizger († 1961) 1894 - John Christmas Møller, Deensk politikus († 1948) 1896 - Douwe Kalma, Frysk oersetter, dichter en skriuwer († 1953) 1911 - Stanisława Walasiewicz, Poalsk sprintster († 1980) 1914 - Willem Bosma, Frysk keatser († 1992) 1915 - Piet de Jong, premier fan Nederlân († 2016) 1920 - Nida Senff, Nederlânsk swimster († 1995) 1920 - John Demjanjuk, Oekraynsk oarlochsmisdiediger († 2012) 1922 - Doris Day, Amerikaansk sjongster, aktrise en diere-aktiviste († 2019) 1924 - Marlon Brando, Amerikaansk akteur († 2004) 1934 - Jane Goodall, Ingelsk antropologe en biologe († 2025) 1948 - Jaap de Hoop Scheffer, Nederlânsk politikus en diplomaat 1958 - Jan Troost, Nederlânsk minskerjochte-aktivist († 2023) 1958 - Bavo Galama, Nederlânsk kabaretier en programmamakker 1960 - Arjen Anthony Lucassen,Nederlânsk multy-instrumintalist 1961 - Eddie Murphy, Amerikaansk komyk en akteur 1971 - Picabo Street, Amerikaanske alpineskyster 1972 - MoniKat, Hongaarsk pornoaktrise 1981 - Paul van Dijk, Frysk skriuwer, tekener, muzikant en teatermakker 1982 - Sofia Boutella, Algerynsk-Frânsk dûnseresse en aktrise 1982 - Cobie Smulders, Kanadeesk aktrise 1990 - Nekfeu, Frânsk-Gryksk rapper en akteur
Ferstoarn 1499 - Bocka Harinxma, ynfloedryk Frysk haadling (* 14??) 1695 - Melchior d'Hondecoeter, Nederlânsk keunstskilder (* ±1636) 1882 - Jesse James, Amerikaanske bandyt (* 1847) 1897 - Johannes Brahms, Dútsk komponist en pianist (* 1833) 1941 - Anne de Koe, Frysk predikant en aktivist (* 1866) 1962 - S.H. de Roos, Frysk letter- en boekbânûntwerper en keunstner (* 1877) 1991 - Graham Greene, Ingelsk skriuwer (* 1904) 1993 - Klaas Schenk, Nederlânsk reedrydtrener (* 1906) 2016 - Joe Medicine Crow, Amerikaansk skiedkundige en antopolooch (* 1913) 2016 - Jules Schelvis, Nederlânsk oerlibbene fan sân konsintraasjekampen (* 1921) 2022 - Geert Eijgelaar, Nederlânsk politikus (* 1927) 2023 - Gryt van Duinen, Frysk presintatrise (* 1950)
Kategory:Datum 03