Foarfallen 193 - Didius Julianus wurdt keizer fan Rome. Dat liedt ta it begjin fan 'e Romeinske Boargeroarloch (193-197). 1639 - Ritscke fan Eysinga wurdt grytman fan Kollumerlân. 1800 - It Ierske parlemint kart de Act of Union goed, wêryn't akkoard gien wurdt mei in feriening mei Grut-Brittanje. Dêrtroch ûntstiet it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Ierlân. 1929 - Oprjochting fan 'e Kuorbalferiening VKC. 1836 - By it Ferdrach fan Washington steande de Odjibwe- en Ottawa-Yndianen it súdlike en sintrale part fan Neder-Michigan ôf oan 'e Feriene Steaten. 1939 - De faksisten fan generaal Francisco Franco feroverje Madrid: ein fan 'e Spaanske Boargeroarloch. 1960 - De earste stjer fan 'e Hollywood Walk of Fame wurdt pleatst (te witten dy fan regisseur Stanley Kramer). 1964 - Radiopiraat Radio Caroline begjint mei de útstjoerings.

Berne 1609 - kening Freark III fan Denemark († 1670) 1660 - Arnold Houbraken, Nederlânsk keunstskilder en skriuwer († 1719) 1868 - Maksim Gorki, Russysk roman- en toanielskriuwer († 1936) 1901 - Märtha fan Sweden, kroanprinses-gemalin fan Noarwegen († 1954) 1902 - Klaas Kuiken, Frysk keatser († 1984) 1903 - Kurt Moeschter, Dútsk roeier († 1959) 1906 - James Bausch, Amerikaansk mearkamper († 1974) 1907 - Mathilde Stuiveling-Van Vierssen Trip, Nederlânske jonkfrou en skriuwster († 2010) 1914 - Thijs Taconis, Nederlânsk spion yn 'e Twadde Wrâldoarloch († 1944) 1919 - Douwe van der Ploeg, Frysk ornitolooch en botanikus († 2006) 1922 - Theo Albrecht, Dútsk ûndernimmer, mei-oprjochter Aldi († 2010) 1925 - Dorothy DeBorba, Amerikaansk aktrise († 2010) 1927 - Herman Wiersinga, Nederlânsk teolooch († 2020) 1936 - Arie Oostlander, Nederlânsk politikus en lid fan it Europeesk Parlemint († 2019) 1942 - Conrad Schumann (die Mauerspringer), Dútsk grinswachter dy't út East-Berlyn wei nei it Westen ta ûntkaam († 1998) 1946 - Wubbo Ockels, Nederlânsk natuerkundige en astronaut († 2014) 1946 - Jaap Los, Nederlânsk keunstskilder 1948 - Freark Smink, Frysk akteur en regisseur 1952 - Jos Valentijn, Frysk hurdrider 1957 - Harvey Glance, Amerikaansk atleet († 2023) 1959 - Jacob de Haan, Frysk komponist 1960 - Joep van Deudekom, Nederlânsk kabaretier 1969 - Ilke Wyludda, Dútsk atlete († 2024) 1976 - Ralph Schwarz, Nederlânsk roeier († 1992) 1980 - Cécile Corbel, Bretonsk sjongster en muzikante 1985 - Bella Bellz, Amerikaansk pornoaktrise 1987 - Kagney Linn Karter, Amerikaanske pornoaktrise († 2024) 1989 - Alyda Norbruis, Frysk paralympysk hurdfytster

Ferstoarn 193 - keizer Pertinaks fan it Romeinske Ryk (* 126) 1241 - kening Waldemar II fan Denemarken (* 1170) 1687 - Constantijn Huygens, Nederlânsk dichter, gelearde en komponist (* 1596) 1820 - Nicolaas Baur, Frysk keunstskilder (* 1767) 1868 - Tamme Foppes de Haan, Frysk teolooch (* 1791) 1939 - Mario Lertora, Italjaansks turner (* 1897) 1958 - W.C. Handy (William Christopher Handy), Amerikaansk komponist (* 1873) 1953 - Jim Thorpe, Amerikaansk atleet (* 1887) 1956 - Hein van der Vliet, Frysk amateur-archeolooch (* 1890) 1965 - Richard Beesly, Ingelsk roeier (* 1907) 1968 - William Cooper, Amerikaansk siler (* 1910) 1969 - Dwight Eisenhower, presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1890) 1985 - Marc Chagall, Frânsk keunstskilder (* 1887) 1985 - Henry Hansen, Deensk hurdfytser (* 1902) 1988 - Jan Blaaser, Nederlânsk kabaretier, akteur, sjonger en lieteskriuwer (* 1922) 1994 - Eugène Ionesco, Roemeensk-Frânsk skriuwer (* 1909) 2001 - Helge Ingstad, Noarsk archeolooch en skriuwer (* 1899) 2014 - Kobus Algra, Frysk sjonger (* 1948) 2019 - Piet van der Wal, Frysk aksjefierder, gemeentepolitikus en dosint (* 1946)

Kategory:Datum 28