De wytnekkraanfûgel of wytnekkraan (Grus vipio) is in fûgel út de famylje fan de kraanfûgels dy't yn it Easten fan Aazje foarkomt.
Foarkommen De wytnekkraanfûgel is in 130 sm grutte fûgel mei in gewicht fan sa'n 5,6 kilogram. Hy sit hast hielendal griis yn de fearren. Allinnich op 'e skedel en fierder oer de nekke oant de rêch hat er wite fearren. Op syn gesicht hat er swart mei in reade râne om syn eagen. Fierder hat der opfallend rôze poaten.
Fersprieding De wytnekkraanfûgel briedt yn it noardeasten fan Mongoalje, it noardeasten fan Sina en oangrinzjende gebieten yn súdeast Ruslân. De fûgels oerwinterje súdliker yn Sina, Korea of op it eilân Kyushu yn Japan.
Iten Lykas de measte Kranen ite dizze fûgels meast sompe- en wetterplanten en ek ynsekten en oare lytse dieren.
Fuortplanting De fûgels meitsje in nêst fan plantemateriaal op in drûch plak yn de sompen. It wyfke leit twa aaien dy't troch de beide âlden yn sa'n 28-32 dagen útbred wurde. De jongen komme foar it earst op de wjukken nei sa'n 70-75 dagen.
Keppeling om utens International Crane Foundation / Wytnekkraan
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Saruskraanfûgel Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan