De trapfûgels of trappen (wittenskiplike namme: Otididae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae), it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves), de noch rangleaze groep fan 'e trapfoarmigen (Otidimorphae) en it skift fan 'e trapeftigen (Otidiiformes). Dizze famylje bestiet út alve skaaien mei yn totaal 26 soarten, dy't foarkomme yn Jeraazje, Afrika en Austraalje. De trapfûgels binne de iennichste famylje fan 'e trapeftigen, en binne sadwaande it naust besibbe oan 'e oare beide skiften binnen de gruttere groep fan 'e trapfoarmigen, te witten de toerako-eftigen (Musophagiformes) en de koekoekeftigen (Cuculiformes).

Beskriuwing Trapfûgels libje op steppes en yn healwoastinen. It binne skouwe fûgels fan 40-120 sm, dy't har almeast op de grûn ophâlde, hoewol't se goed fleane kinne en fleanend ek grutte ôfstannen ôflizze. Se hawwe stevige, mar lange poaten, in lange hals en brede wjukken. Se hawwe lykwols gjin kloer dy't nei efteren ta útstiket, dat se kinne net yn in beam sitte om't se har net oan 'e tûke beethâlde kinne. Ornaris binne se brún of griis en hawwe se dûnkere streken en plakken oan 'e boppeside fan it lichem, wylst se oan 'e ûnderkant witich, gielich of swart binne. Dêrmei hawwe se in treflike kamûflaazjekleur. Trapfûgels binne omnivoaren, dy't lykwols almeast plantaardich fretten beplúzje. Harren reäksje op gefaar is om al dravend hurd út te naaien, en pas as dat net helpt, fleane se fuort.

Famylje-opbou

famylje trapfûgels (Otididae) skaai Afrikaanske grutte trappen (Neotis) denhamtrap of Denhams trap (Neotis denhami) heuglintrap of Heuglins trap (Neotis heuglinii) ludwigtrap of Ludwigs trap (Neotis ludwigii) Nubyske trap (Neotis nuba) skaai blauwe trappen (Eupodotis) blauwe trap (Eupodotis caerulescens) Senegaltrap of Senegaleeske trap (Eupodotis senegalensis) skaai burdtrappen (Houbaropsis): burdtrap (Houbaropsis bengalensis) skaai grutte trappen (Otis) grutte trap (Otis tarda) skaai kraachtrappen (Chlamydotis) eastlike kraachtrap (Chlamydotis macqueenii) kraachtrap (Chlamydotis undulata) skaai lytse Yndyske trappen (Sypheotides) lytse Yndyske trap (Sypheotides indicus) skaai lytse trappen (Tetrax) lytse trap (Tetrax tetrax) skaai reuzetrappen (Ardeotis) Arabyske trap (Ardeotis arabs) Australyske trap (Ardeotis australis) grutte Yndyske trap of Yndyske trap (Ardeotis nigriceps) koarytrap (Ardeotis kori) skaai swartbúktrappen (Lissotis) hartlaubtrap of Hartlaubs trap (Lissotis hartlaubii) swartbúktrap (Lissotis melanogaster) skaai swarte trappen (Afrotis) Botswanatrap (Afrotis afraoides) swarte trap (Afrotis afra) skaai toeftrappen (Lophotis) Etiopyske toeftrap (Lophotis gindiana) Saheltoeftrap (Lophotis savilei) Súdafrikaanske toeftrap (Lophotis ruficrista) skaai woastyntrappen (Heterotetrax) rüppelltrap of Rüppells trap (Heterotetrax rueppellii) Somalyske trap (Heterotetrax humilis) swartkintrap (Heterotetrax vigorsii)

Kategory:Trapeftige

Kategory:Fûgelfamylje