De Waal is in Nederlânske rivier. Op 'e hichte fan Pannerden splitst de Ryn him yn it Pannerdensch Kanaal, dat 6 km fierderop oergiet yn de Nederryn, en de Waal. De Waal is fierwei de wetterrykste earm fan de Ryn yn Nederlân (65% fan de wetterôffier) en ek de wichtichste foar de skipfeart. De totale lingte fan de Waal bedraacht 82 kilometer. De Waal is in split fan de Ryn, fanút it Bijlânsk Kanaal, en rint fierder nei it westen oant er gearkomt mei de âlde rin fan de Maas, de Ofdamme Maas, en oergiet yn de Merwede.

De Waal giet fan de eardere gearfoeging ôf mei de Maas by Woudrichem (no de Afdamme Maas) oer yn de Merwede en streamt fia ferskate rûtes nei de Noardsee; it measte wetter streamt fia de Nije Merwede yn it Hollânsk Djip. It wetter tusken de Noard en de Alde Maas, súd fan Ridderkerk, hjit ek de Waal: dit part fan likernôch 8 km lingte is in oerbliuwsel fan in eardere lizzing fan dizze rivier.

De Waal wurdt mei de Nederryn en Amsterdam ferbûn troch it Amsterdam-Rynkanaal (by Tiel) en mei de Maas troch it Maas-Waalkanaal (by Nimwegen) en it Kanaal fan St. Andries. Op dat lêste punt floeie de Waal en de Maas op in ôfstân fan 1,9 km byinoar del. It tij fan de Noardsee wurkje troch oant sawat Sâltbommel, dêr't in tijferskil fan sawat 10 sintimeter mjitber is. Foar it ôfsluten fan de seegatten en riviermûningen yn it ramt fan de Deltawurken wie it tijferskil op de Waal folle grutter as hjoed-de-dei. De ynfloed fan de tij wie doe merkber oant Nimwegen.

Stêden oan de Waal De grutste stêd oan de Waal is Nimwegen. Hoewol't de stêd op 'e lofterkant leit, strekt de gemeente him sûnt in pear jier ek út oer de rjochterkant, wêrmei't dizze gemeente as iennichste op beide kanten leit. By Nimwegen waard yn 2015 in njonkengeul oanlein, de Spegelwaal, en dêrmei ûntstie ek it eilân Veur-Lent.

Oare gruttere plakken binne Tiel (rjochts) en Sâltbommel (links). De Waal skiedt de Betuwe op de rjochterwâlskant fan efterinoar it Ryk fan Nimwegen, it Lân fan Maas en Waal en de Bommelerwaard op de linkerwâl.

Sjoch ek De Waal (IJsselmonde)

Kategory:Rivier yn Nederlân Kategory:Wetter yn Gelderlân

zh:瓦尔 (德国)