De Isel is in Nederlânske rivier fan 125 km. De Isel is in split fan de Ryn, rint nei it noarden en komt oer de Ketelmeer út yn de Iselmar.

Lingte, Hichte en Breedte Mei in lingte fan 127 kilometer is de Isel de langste rivier dy't allinnich oer Nederlânsk grûngebiet streamt. De breedte yn de simmer yn de benedenrin is sa'n 140 meter; by Westervoort lizze de simmerkaden sa'n 70 meter fan inoar, by Kampen is dat it dûbele. By heechwetter hearre ek de uterwaarden ta de bêding fan de stream. De Isel stiet dan tusken de winterdiken en kin pleatslik hûnderten meters breed wêze. It maksimale ferskil tusken de heechste en leechste wetterstân by Deventer, oan de bopperin, bedraacht seis meter.

Geografie De rin fan’e rivier folget de delling tusken de Feluwe yn it westen en de Sallânske Heuvelrêch yn it easten, dy’t de Iseldelling neamd wurdt.

Oant de súdkant fan de A1 is de bopperin Geldersk; by Dimter is er Oeriselsk. Fan de noardkant fan de stêd ôf oant foarby Hattem foarmet er de provinsjegrins. Behalve by Dimter is der ek by Olst en Wijhe wat Oeriselsk grûngebiet op de linkerkant. Foarby Hattem streamt de Isel yn Swol troch it winterbêd, lâns en fia de njonkengeul yn de Vreugderijkerwaard. Dêrnei is de rivier folslein Oeriselsk, mei op 'e linkerwâl in bredere stripe mei de plakken Zalk, Reeve en Kampen.

De grutste stêden oan de rivier binne Sutfen, Dimter, Swol en Kampen. Oare histoaryske plakken binne Doesburch, Bronkhorst en Hattem.

De Alde Isel, dy't by Doesburch yn de Isel útmûnet, is de mânske sydrivier. Oare sydrivieren binne Baakske Beek, Berkel en Schipbeek.

It Twintekanaal, in groeven farwei, komt tusken Sutfen en Dimter yn de Isel út. It Apeldoarnsk Kanaal is oan wjerskanten ferbûn mei de IJssel, nammentlik te Dieren en te Hattem. It waard yn 1972 foar de skipfeart sletten en hat allinne noch lânskiplike betsjutting.

Benoarden fan Kampen (Kampereilân) begjint de Iseldelta. Dizze bestiet út it Keteldjip, Kattendjip, Noarddjip, Ganzendjip en Goot. Allinnich it Keteldjip en Kattendjip hawwe noch altyd in funksje by it ôffieren fan wetter; it Ganzendjip en de Goot steane net langer yn iepen ferbining mei de Isel. It Noarddjip is oan beide kanten ôfdamme. Eartiids bestiene der noch mear ôftakkingen. Dy binne al yn de 19e iuw hielendal fersânne of demme.

Tusken 2014 en 2018 waard in ekstra geul útgroeven dy't súd fan Kampen ôftakt fan de Isel. Dit Reevedjip fergruttet de ôffierkapasiteit fan de Isel by ekstreem hege wetterstannen en wetteret ôf op de Drontermar, in rânemar fan it Iselmar. De Isel sels wetteret ôf op it Ketelmar. It Revedjip biedt ek ekstra bergingskapasiteit foar Iselwetter.

Hannelsrûte Al yn ’e ierste midsiuwen kamen de stêden Sutfen (as machtssintrum) en Dimter (as hannelssintrum) troch harren lizzing oan ’e Isel ta grutte bloei. Ek de Wytsingen koene de delsettingen fia de Isel berikke en plonderje. In dokumintearre plondering barde yn 882. Archeologyske spoaren dêrfan binne yn Sutfen en Dimter opgroeven. Letter, yn de tiid fan de Hânze (+/-1250-1450), wie de Isel in wichtige ynternasjonale hannelsrûte; de stêden lâns de Isel: Doesburch, Sutfen, Dimter, Hattem, Swol en Kampen wiene dan ek by de Hânze oansletten.

Kategory:Rivier yn Nederlân Kategory:Wetter yn Gelderlân Kategory:Wetter yn Oerisel