thumb|De Fryske Akademy is fêstige yn it Coulonhûs yn Ljouwert. De Fryske Akademy is in wittenskiplik ûndersyksynstitút yn Ljouwert. It ynstitút docht ûndersyk nei de Fryske taal, meartaligens, de skiednis en it erfgoed fan Fryslân en de relaasje tusken minske, kultuer en omjouwing. De Fryske Akademy waard yn 1938 oprjochte en is fêstige yn it Coulonhûs. De Fryske Akademy is in selsstannige stifting en sûnt 1990 ferbûn oan de Keninklike Nederlânske Akademy foar Wittenskippen (KNAW). Underdiel fan de Akademy is it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen. De Akademy hat in wichtige rol by de ûntwikkeling fan de Fryske stavering, wurdboeken en digitale taalhelpmiddels.
Organisaasje De Fryske Akademy is in selsstannige stifting, fêstige yn Ljouwert. De deistige lieding leit by in direkteur-bestjoerder, dy't de einferantwurdlikens draacht foar it belied en de wurksumheden fan it ynstitút. De direkteur-bestjoerder wurdt advisearre troch in managementteam en leit ferantwurding ôf oan de Rie fan Tafersjoch. De Rie fan Tafersjoch hâldt tafersjoch op it belied en it behear fan de direkteur-bestjoerder. De Fryske Akademy is sûnt 1990 ferbûn oan de Keninklike Nederlânske Akademy foar Wittenskippen (KNAW). De KNAW hâldt it wittenskiplik tafersjoch oer de Akademy en lit it ynstitút geregeldwei troch in ûnôfhinklike kommisje evaluearje. Underdiel fan de Fryske Akademy is it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen. De Akademy wurdt finansierd troch it Ryk en de provinsje Fryslân. Njonken it fêste ûndersykswurk wurde projekten útfierd mei regionale, lanlike en ynternasjonale partners.
Undersyk en wurkfjilden De Fryske Akademy docht fûneminteel wittenskiplik ûndersyk nei Fryslân, de Fryske taal, kultuer, skiednis en maatskippij. De ûndersyksaginda foar 2023-2027 ûnderskiedt trije haadwurkfjilden: Taal en meartaligens, Skiednis en erfgoed en Minske en omjouwing. Dêrnjonken docht it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen ûndersyk nei meartaligens en taalûnderwiis.
By it ûndersyk nei taal en meartaligens giet it ûnder mear om taalkunde, sosjolinguistyk, leksikografy, de Fryske dialekten en de posysje fan it Frysk yn in meartalige maatskippij. Ek wurdt ûndersyk dien nei taallearen, minderheidstalen en digitale taalhelpmiddels. It ûndersyk nei skiednis en erfgoed rjochtet him ûnder oaren op it Aldfrysk, de skiednis fan Fryslân en it kulturele erfgoed. By it wurkfjild minske en omjouwing wurdt ûndersocht hoe't minsken, lânskip en kultuer inoar yn Fryslân troch de tiid hinne beynfloede hawwe.
Yn it ûndersyk spylje digitalisearring, it ûntwikkeljen fan digitale kolleksjes en gearwurking mei oare kennisynstituten in wichtige rol. De Fryske Akademy wurket dêrby gear mei regionale, lanlike en ynternasjonale partners en belûkt ek de Fryske mienskip by ûndersyk, ûnder oaren troch boargerwittenskip.
Skiednis thumb|Johannes Kapteyn Yn 1919 pleite Geert Aeilco Wumkes yn in rede foar it Frysk Genoatskip foar in Akademy fan Wittenskip. It idee waard letter oppakt troch de ûnderwiisrie, dêr't Titus Brandsma yn in gearkomste fan 27 april 1931 de kontouren fan de Akademy tekene. Twa jier letter spriek de ûnderwiisrie him formeel út foar in Akademy, mei de ferklearring der by dat de tiid der noch net ryp foar wie. Nei in lang proses waard de Akademy yn 1938 mei stipe fan it provinsjaal bestjoer oprjochte.Sjoerd van der Schaaf: Skiednis fan de Fryske Biweging, side 302 Johannes Kapteyn (heechlearaar Aldfrysk) wie in oare driuwende krêft en mei-oprjochter fan de Akademy. It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (foarhinne Mercator Education) is ûnderdiel fan de Fryske Akademy en waard yn 1987 oprjochte op inisjatyf fan de Europeeske Kommisje.Webside Mercator
De Fryske taal Sûnt de oprjochting fan de Fryske Akademy yn 1938 is it ynstitút belutsen by it fêstlizzen fan de Fryske stavering. Yn 1945 makke de Fryske Akademy de Akademystavering en yn 1980 kaam dêr de hjoeddeistige Steatestavering foar yn 't plak. It foech om in offisjele Fryske stavering fêst te stellen leit lykwols net by de Fryske Akademy, mar sûnt 1969 by Provinsjale Steaten.Briefregistraasjenûmer 1041844 (iepenbiere gearkomste PS fan 24 april 2013); útstel fan Deputearre Steaten oan Provinsjale Steaten provinsje Fryslân Deputearre Steaten hat it foech oer it fêststellen fan de skriuwwize fan frjemde wurden. Foar sawol de stavering as foar de regels foar it skriuwen fan frjemde wurden is de Fryske Akademy it fêste ynstitút dat troch de provinsje frege wurdt.
De Fryske Akademy skriuwt ek Fryske wurdboeken en jout dy sels út. Bekende útjeften binne it Wurdboek fan de Fryske Taal en it Frysk Hânwurdboek. Sûnt 2021 ûnderhâldt de Fryske Akademy de taalhelpwebside Frysker mei wurdboeken, lykas it Frysk Hânwurdboek, it Nederlânsk-Frysk Wurdboek, it Rymwurdboek en de Foarkarswurdlist fan it Frysk, in staveringshifker en in oersetapp.
Publikaasjes en kennisfersprieding De Fryske Akademy makket de útkomsten fan har ûndersyk tagonklik troch boeken, tydskriften, jierboeken en digitale publikaasjes. Sûnt de oprjochting hat de Akademy mear as tûzen publikaasjes útjûn oer de Fryske taal, kultuer, skiednis en maatskippij. Ta de útjeften en publikaasjes dêr't de Akademy by belutsen is, hearre ûnder oare it wittenskiplik tydskrift Us Wurk, it Genealogysk Jierboek en De Vrije Fries. Ek stelt de Akademy in diel fan har publikaasjes digitaal beskikber.
Literatuer (2000) “De oprjochting fan ‘e Fryske Akademy (1938)” in It Beaken 62, 245-265. , Handbuch des Friesischen. Handbook of Frisian Studies. Max Niemeyer Verlag, Tübingen 2001.
Sjoch ek Fryske Rie foar Heraldyk Mercator Europeesk Kennissintrum Schotanusatlas
Keppeling om utens Thússide fan de Fryske Akademy Mercator Research Centre
Kategory:Frysk Kategory:Fryske útjouwerij Kategory:Fryske Beweging Kategory:Fryske organisaasje Kategory:Undersyksynstitút yn Nederlân Kategory:Taalakademy Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1938 Kategory:Organisaasje yn Ljouwert