upright=1.5|thumb|De grutte fan it Romeinske Ryk tusken 264 f.Kr. oant 180 n.Kr. upright=1.5|thumb|In kaart fan Jeropa yn 1595 Dit artikel jout in oersjoch fan de skiednis fan Jeropa, dat wol sizze: fan de skiednis fan de minsk op it Jeropeeske kontinint. Dizze side omskriuwt it tiidrek fan de earste mins fan 35.000 f.Kr. oant de Jeropeeske Uny mei 27 lidsteaten.
Prehistoarysk Jeropa Neffens it trijeperioadesysteem, makke om de prehistoarje yn tiidrekken op te dielen, is de ferdieling fan de prehistoaryske tiidrekken sa: Stientiid Brûnstiid Izertiid
Stientiid Palaeolityk Homo erectus en de Neandertalers setten har rom foar’t de Homo sapiens der wie yn Jeropa ta wenjen. De bonken fan de earste Jeropeaan binne yn Dmanisy, Georgje fûn en binne sa 2.000.000 âld. De ierste fynsten fan anotoamysk moderne minsken yn Jeropa binne fan 35.000 f.Kr. Bewiis fan permaninte bewenning datearret fan de 7e iuw f.Kr. yn hjoeddeisk Bulgarije, Roemeenje en Grikelân.
Neolityk thumb|Neolitysk Jeropa
It Neolitysk tiidrek is yn de 6e iuw f.Kr. yn Sintraal-Jeropa en yn de 5e en 6e iuw yn Noard-Jeropa. Der hat gjin Jeropawide prehistoaryske kultuer west.
Brûnstiid De earst skriuwende beskavings yn Jeropa wienen de Minoanen op it Grykske eilân Kreta en letter de Miseanen yn oare parten fan it hjoeddeiske Grikelân fan de 2e iuw f.Kr. ôf.
Kelten
Om 400 f.Kr. hinne, fersprate de La Tene-kultuer him oer in grut gebiet oan de Middellânske See oan it Ibearysk Skiereilân ta, mingt mei oare folksgroepen foarmen hja de Keltiberyske kultuer. Letter wreiden hja har ek út nei Anatoalje. Trochdat de Kelten gjin skrift hiene, is der net folle bekend oer dizze groep. De Romeinen kamen mei har yn ‘e kunde en it hat doe bliken dien dat de Kelten in sterke groep meiinoar foarmen, wylst har organisaasje tige min wie.
Izertiid thumb|Aleksander de Grutte Alde Grikelân en de Balkan Oan ‘e ein fan it Brûns tiidrek gongen de âlde Grykske keninkrykjes ûnder, folge troch de Grykske Tsjustere Iuwen en it Klassike Grikelân. De Balkan hat yn it Izer tiidrek bewenne west troch it Palaeo-Balkan folk, lykas Trasiëns en de Yllirianen
Itaalje Yn klassike Itaalje hawwe ferskate etnyske groepen wenne foar de Romeinske dominânsje. Net alle groepen wienen alike folle besibbe meiinoar. Guon hawwe Italyske talen praat, oaren wienen Hellentyske kolonisten dy't Gryksk praten, wylst oaren wer oare Yndo-Jeropeesk talen praten of somtiden sels hielendal oare talen.
Noard-Jeropa Noard-Jeropa wie it wengebiet fan de Germanen; hjir kamen nei alle gedachten de Friezen ek wei. Tacitus wie ien fan de Romeinen dy’t in soad oer de Noard-Jeropeanen oan it begjin fan de Kristlike jiertelling skreaun hawwe.
Helleenske en Romeinske Ryk thumb|Jeropa yn 220 f.Kr.
De Helleenske beskaving begûn mei it foarmjen fan stêd-steaten; de wichtichsten dêrfan wienen: Atene, Korint, Sirakuse en Sparta. Dy stêdsteaten hienen ferskate oerheden en kulturen, en hjir ûntwikkelen har ek oare saken lykas sosjale wittenskip, sport, teäter en muzyk. De Helleenske stêdsteaten stiften koloanjes oan de kust fan de Swarte See en de Middellânske See. Yn de 4e iuw f.Kr. fersloech de Masedoanyske kening Filippus II de Grykske stêdsteaten, en hja moasten ûnder Masedoanysk bewâld gearwurkje. Aleksander de Grutte ûndernaam in fjildtocht en brocht de Masedoanyske kultuer nei Perzje, Egypte en Yndia.
In protte saken by de Romeinen wienen oernaam út de Helleenske kultuer. It waaksen fan Rome bûten it hjoeddeiske Itaalje hat it begjin west fan it Romeinske Ryk.
Midsiuwen
thumb|upright=1.5|Jeropa, 814.
De Midsiuwen krigen harren namme (mids-iuwen: tuskentiid) trochdat men dizze perioade yn de Renêssânse as in tuskenperioade seach. Us part fan’e wrâld wie ommers nei de fal fan de Romeinen ôfsnien fan de klassike kultuer en it kaam der letter pas wer mei yn oanrekking troch de krústochten; de Arabieren hienen in soad wurk fan de klassike skriuwers bewarre. Petrarca (± 1300) neamde dizze perioade de tiden fan tenebrae (tsjusterens) en sûnt 1469 waard benammen de term media tempestas (tuskentiid) brûkt. Pas yn de 17e iuw (Christoph Keller en Georg Horn) waard de term medium aevum (Midsiuwen) húsriem.
De term 'midsiuwen' is gildt fansels allinnich foar West-Jeropa nei de fal fan it Romeinske Ryk fan it Westen. Yn East-Jeropa foel Konstantinopel earst yn de 15e iuw. Dêrmei is der gjin tuskentiid tusken de ein fan de Aldheid en it begjin fan de Renêssânse. Foar oare parten fan de wrâld leit dy oergong tusken aldheid en nije tiid faak hielendal oars.
Renessânse en Reformaasje
Fanwegen de efterútgong fan de Byzantynske beskaving, en de bedriging dêrfan troch de Turken, gongen in soad Byzantynske gelearden nei it feiligere Itaalje en namen ek in soad kennis út de Aldheid mei dy’t yn Konstantinopel bewarre wie. Ek de plondering fan Konstantinopel troch de krúsfarders yn 1204 brocht neist in soad materiële bút ek in soad yn it westen ferlern giene kennis werom nei West-Jeropa. Dit op 'e nij yn 'e kunde kommen mei dizze antike literatuer, filosofy en kultuer yn it algemien wie in wichtige, geastlike, faktor ta it opkommen fan it Humanisme en de Renêssânse.
Petrarch skreau om it jier 1330 hinne: 'Ik libje no, ik soe leaver berne wêze wollen yn in oare tiid.' Hy wie entûsjast oer de Grykske en Romeinske âldheid mei ferneamde manlju fan doe. Yn 1421 sleat Sina alle hannel mei it bûtenlân ôf. De Arabieren fûnen in nije merk yn it westen en de stêden oan de Middellânske See bloeiden op. Matteo Palmieri skreau om it jier 1430 hinne: 'Yndied mei no eltse tinkende geast god tanksizze dat hy de permisje krigen hat om yn in nij tiidrek berne te wurden.' It hat de berte fan de renêssânse west; in nij tiidrek dêr't wiisheid tige wichtich yn wie.
De renêssânse krige syn gerak troch it woeksene omtinken oan de Latynske en Grykske âldheid. Dat sette keunstners en skriuwers dêrta, gebrûk te meitsjen fan Grykske en Romeinske foarbylden foar har wurk. Der wie ek fierdere ûntwikkeling troch minsken lykas Leonardo da Vinci. In protte Grykske teksten kamen fan Islamityske boarnen dy't har allyksa ferbettere hienen. Wichtige politike oerweagings komme ek út dizze perioade. Machiavelli's politike skriuwen yn De Prins waard letter de basis foar absolutisme en real-polityk, krekt sa wichtich wie winliken it gebrûk fan de keunsten troch it regear om har macht te uterjen.
De korrupsje yn 'e katolike tsjerke befoardere de protestânske reformaasje. Dy krige ek folgers út oare kriten, benammen by prinsen en keningen dy't harren macht fersterkje woenen troch harren steatlike sibskip mei de katolike tsjerke te ferbrekken. Njonken Maarten Luter kamen ek oare ideën fan 'e grûn lykas Jehannes Kalvyn waans kalvinisme hieltyd mear ynfloed krige yn in protte lannen en Kening Hindrik VIII fan Ingelân dy't briek mei de katolike tsjerke yn Ingelân en útein sette mei de Anglikaanske Tsjerke. Fersterke troch de dy religieuze ferskillen brutsen oeral oarloggen út, en njonkelytsen krigen ferskate monargyen mear macht.
De protestântske reformaasje hat lykwols ek laat ta in sterke beweging yn 'e katolike tsjerke, bekend as de Tsjin-reformaasje, dy't al rjochte wie op it tsjingean fan de korrupsje mar dan troch it fuortsjerkjen fan it katolike dogma. In wichtige groep yn 'e katolike tsjerke dy't fuortkaam is út dy beweging binne de Jezuïten, dy't holpen hawwe by it behâld fan it katolykisme yn East-Jeropa. Dochs hat de katolike tsjerke troch de reformaasje syn foarnaamste plak ferlern; grutte parten fan Jeropa stienen net mear ûnder it katolike ynfloed en keningen yn oare katolike lannen namen yn har eigen keningriken de behearsking fan de tsjerklike ynstânsjes oer .
Oars as yn West-Jeropa, wienen de lannen yn Sintraal Jeropa, de Poalsk-Letske Uny en Hongarije, mear tolerân. Wylst hja de dominânsje fan de katolike tsjerke besochten te behâlden, joegen hja ek romte foar oar leauwen. Sintraal Jeropa rekke skieden tusken Katoliken, Protestanten, Ortodoksen en Joaden.
In oare wichtige ûntwikling yn dizze rite wie it waaksen fan Grut-Jeropeeske ideeën. Eméric Crucé (1623) kaam mei it idee fan in Jeropeeske ried, mei de yntinsje it einigjen fan oarloggen yn Jeropa; alhoewol't de Jeropeeske lannen, útsein it Russyske en it Ottomaanske Ryk, yn it Ferdrach fan London de frede oerien kamen, hat it besykjen fan in lange-termyn-frede net in súkses west. De measte oarloggen brutsen nei in pear jier op 'e nij út. Ek de reformaasje makke foar frijwat iuwen de Jeropeeske frede ûnmooglik.
Yn de 15e iuw, oan 'e ein fan de midsiuwen, woeks de macht fan guon monargyen lykas Frankryk, Ingelân en Spanje. Oan de oare kant woeks ek de macht fan it parlemint yn it Poalsk-Letske Ryk, dat rjochten oernaam fan de Poalske kening. Yn guon oare lannen waard de nije macht fan de steat oanfochten troch it parlemint. Nije lannen kamen op dy't gearwurking wienen fan territoriale hearskers, stêden, ridders en republiken.
Revolúsje en kriich Koloniale ekspânsje Al dy oarloggen koenen de nije steaten der net tsjinhâlde om de wrâld te ûntdekken en te feroverjen, benammen yn Aazje (Sibearje) en yn it krekt ûntdutsen Amearika. Yn de 15e iuw liede Portegal mei it geografyske ferkenne fan de wrâld, folgjend troch Spanje yn de iere 16e iuw. Hja wienen de earste steaten dy't út ein sette mei koloanjes yn Amearika en hannel stasjons oan de kust fan Afrika en Aazje, mar hja wienen gau folge troch Frankryk, Ingelân en Nederlân. Yn 1552 feroveret de Russyske tsaar Ivan IV de Ferskriklike Kazan en de Yermak's reis fan 1580 hat ta it anneksearjen fan Sibearje ta Ruslân laat.
Koloniale ekspânsje bejoech him yn de folgjende iuwen (mei soms in tebeksetter, lykas de Amearikaanske Revoluusje en de ûnôfhinklikens oarloggen yn in stikmannich Amearikaanske koloanjes). Spanje hie yn parten fan Noard-Amearika de macht, en foar in grutter diel fan Sintraal-Amearika en Súd-Amearika, it Karibysk gebiet en de Filipinen; Grut-Brittanje krige gâns Austraalje en Nij-Seelân, in grut diel fan Yndia, en in grut diel fan Afrika en Noard-Amearika; Frankryk hie dielen fan Kanada en Yndia (benei alles gien ferlern oan Grut-Brittanje yn 1763), Yndosina en in grut part fan Afrika; Nederlân behelle East-Yndje (no Yndoneezje) en in pear eilannen yn it Karibysk gebiet; Portegal behelle Brazylje en ûnderskate gebietsdielen yn Afrika en Aazje; letter hawwe lannen as Belgje, Dútslân, Itaalje en Ruslân koloanjes behelle.
De ekspânsje hat de ekonomy fan lannen dy't koloanjes hienen fertuten dien. De oarloggen yn Jeropa wienen doe foar in grut part betelle fan ynkomsten út de koloanjes wei.
Ier moderne tiidrek: 16e, 17e en 18e iuw De reformaasje hat tige wichtich west wat de ienheid fan Jeropa oanbelanget. Guon naasjes wienen alhiel of foar in part útinoar skuord troch it nije leauwen, yntern en fan frjemde legers. Frankryk bygelyks hat in tal oarloggen om it leauwen hân, ferneamd as de Frânske religy oarloggen, dêr't it Hûs fan Bourbon it yn wûn. Yn Ingelân hienen hja ûnder Elizabeth mear ienheid troch it Anglikaanske leauwen. In grut diel fan it hjoeddeistige Dútslân wie partsjen yn in grut tal lytse steaten en keningrykjes, meiinoar it Hillige Roomske Ryk. Oant de Tritichjierrige kriich wie religy it haadmotyf foar kriich, tenei soe nasjonalisme de basis foar konflikten yn Jeropa wurde. Allinich de Poalsk-Letske Uny wie tolerânsje fan religy akseptearre.
Oan it begjin fan dizze rite kaam kapitalisme yn it plak foar feuedalisme, lykwols allinnich yn it westlike part fan Jeropa. It útwreidzjen fan de koloniale grinzen resultearre yn in ekonomyske revoluusje. Yn de perioade woeks de moderne wittenskip en it tapassen fan fynsten op it technolysk mêd. Yberyske ferkennings yn 'e nije wrâld, dêr't Christopher Columbus mei út ein sette yn 1492, hienen al gau omtinken fan de Ingelsen en Frânsen. Dizze nije hannelsfoarmen efter de kimen frege om ynternasjonale ferdraggen. thumb|Kaart fan Jeropa oan de ein fan de Tritichjierige kriich