Chris Wassenaar (Tsjummearum, 27 febrewaris 1973) is in ferneamde keatser út Minnertsgea. Yn syn jonges- en junioaretiid keatste Wassenaar foar de CFK. Sûnt 1994 keatst hy op it heechste nivo by de KNKB.
Keatspriizen en -prestaasjes Chris Wassenaar, dy't ek wol de "Reus fan Minnertsgea" neamd wurdt, wûn trije kear de PC (1997, 2001 (K) en 2005 (K)) en wie fan 2000 oant en mei 2003 klassemintswinner. Yn 2005 wie hy oppermachtich yn de haadklasse en wûn hy op 'e nij it punteklassemint mei in puntetotaal fan 80. Allinne Johannes Brandsma (98 punten yn 1982) en Piet Jetze Faber (83 punten yn 1984) hawwe ea yn ien jier tiid mear punten byïnoar slein. Fan 1998 ôf einige hy in soad jierren yn de top trije fan it klassemint. Yn it ivich klassemint stie Chris Wassenaar op 9 juny 2014 mei 695 punten op it 5e plak.Webstee KNKB
Prizen 1994 - Jong Nederlân 3e priis 1994 - PC 3e priis 1995 - de Bond 7e priis 1997 - de Bond 4e priis 1997 - PC 1e priis 1998 - de Bond 4e priis 1998 - PC 2e priis 1999 - de Bond 4e priis 1999 - PC 3e priis 2000 - PC 2e priis 2001 - de Bond 1e priis 2001 - PC 1e priis 2002 - de Bond 4e priis 2003 - de Bond 1e priis 2004 - de Bond 6e priis 2005 - de Bond 1e priis 2005 - PC 1e priis 2006 - de Bond 1e priis 2006 - PC 2e priis 2008 - PC 3e priis 2009 - de Bond 2e priis 2010 - de Bond 6e priis 2011 - de Bond 1e priis 2014 - de Bond 1e priis 2015 - de Bond 1e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Tsjummearum Kategory:Minnertsgea Kategory:Persoan berne yn 1973